FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Belesting foar de boarger net omheech

Johannes Kramer hat yn de Steaten dúdlik makke dat foar de FNP in belestingferheging foar de boarger net akseptabel is no't de Provinsje beskikke kin oer 1,3 miljard opbringst fan de ferkochte NUON-oandielen.

Deputearre Galema woe nei de behanneling fan de Kadernota Begrutting 2010 yn juny hawwe dat de finansjele dekking fan grutte projekten lykas de Sintrale As yn gefaar komme soe, as de provinsjale opsinten op de motorrijtuigenbelesting  net ekstra ferhege wurde soene. In moasje fan koalysjepartijen ferline jier easket dat de provinsjale belesting net mear as it lannelik gemiddelde omheech gean mei.

De FNP moat der no dus oan te pas komme om it Kolleezje oan dizze ôfspraak te hâlden. Yn juny is al ôfpraat dat it Kolleezje earst mar ris mei in list fan mooglike besunigingen by de grutte ynfraprojekten komme moat. Dan falt der by de Begrutting 2010 teminsten echt wat te kiezen.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling