FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Brief Kolleezje oer weryndieling SW-Fryslân te posityf

De FNP hat de sjenswize fan Deputearre Steaten op it weryndielingsadvys fan de gemeenten yn Súdwest Fryslân kritysk ûntfongen. Mei de SP en Grienlinks wie FNP fraksjefoarsitter Johannes Kramer fan betinken dat eardere kanttekeningen fan Provinsjale Steaten net goed ferwurke wiene. Ek de toansetting fan de definitive sjenswize is te posityf, sa wie it oardiel fan de partijen. 

De útkomst fan it bytiden fûle debat wie dat deputearre Galema erkende dat DS tsjin de moasje fan de mearderheid yn PS fan juny dochs in per saldo posityf advys nei de minister stjoerd hawwe oer de weryndieling. Elk erkent oars dat it in selsstannich foech fan DS is om ta in positive einkonklúzje te kommen. Mei it oerbliuwende politike mieningsferskil hat de FNP in moasje ynstjinne. Dizze fersocht it Kolleezje om de Steatssiktaris fan Ynlânske Saken mei te dielen dat PS it net iens binne mei de reaksje fan it Kolleezje.

De moasje waard stipe troch SP en Grienlinks. De PvdA  hold syn krityk ek oerein, en gie sels noch in stapke fierder troch no dúdlik te sizzen dat hja leaver de saneamde 'Marrenfariant' fan de weryndieling hân hiene, mei twa minder grutte gemeenten as resultaat. De PvdA stipe de moasje fan de FNP lykwols net, wêrtroch der no gjin mearderheid wie foar in nije opdracht oan de deputearre. Wol hat it Kolleezje de PvdA moasje oernaam om it ferslach fan dizze PS gearkomste fan 16 septimber ek noch nei De Haach te stjoeren.

It wachtsjen is no op it oardiel fan de Steatssikaris.

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling