FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Bosk & Greide yn Gaasterlân belûke by nij systeem natuer- en lânskipsbehear

De FNP wol dat it nije provinsjale belied foar natuerbehear net fêststeld wurdt as Bosk en Greide, feriening foar agrarysk en partikulier natuerbehear yn Gaasterlân, net meidwaan kin. De FNP Steatefraksje tsjinnet dêrta yn provinsjale Steaten in útstel yn om de deputearre oan te poenen ta oerlis mei Gaasterlân.

De provinsje wol dat Bosk en Greide him delleit by in unifoarm lanlik systeem, it saneamde 'Programma Beheer'. Dêrby moat in kollektyf behearsplan makke wurde. It eksperimint yn Gaasterlân hâldt lykwols yn dat der in soad romte bean wurd foar yndividuele - dus net kollektive - oanpak en dat net allinnich de natuer en lânskip mar ek de leefberheid, rekreaasje en ekonomy troch de maatregels kânsen krije.

De FNP Steatefraksje hat neffens wurdfierder Pytsje de Graaf fernaam dat der noch gjin oerienstimming is mei Bosk en Greide yn Gaasterlân oer it nije 'Programma Beheer', wylst bygelyks it saneamde 'Woudenpakket' foar lânskipsbehear yn de Noardlike Fryske Wâlden al wol ien op ien tapast is yn de nije behearskatalogus fan de provinsje. De FNP wol witte dat it saneamde puntesysteem fan Bosk en Greide plak krijt yn it nije systeem. De Graaf wiist op it behâld fan it draachflak foar lokaal natuer- en lânskipsbehear. Dat kin yn de kiif komme te stean as de provinsje it net gau iens wurde kin mei Bosk en Greide.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling