FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Fryske marren oerdroegen oan Provinsje

De oerdracht fan de Fryske Marren is de útkomst fan  mear as 50 jier ûnderhanneljen. De FNP hat hjir yn foarige steateperioaden wakker op oanstien. De lêste kear wie by in ynterpellaasje yn de Steaten fan 31 oktober 2007. De FNP fynt it wichtich dat it Fryske wetter yn Fryske hannen komt. Ien behearende ynstânsje yn stee fan hieltyd wer tastimming freegje moatte oan it ministearje foar fan alles.

De finale behanneling fan de oerdracht wie yn de Steatekommisje fan 3 juny 2009. Douwe Bijlsma fierde foar de FNP it wurd. De fragen nei de risiko's fan fersmoarge bagger, de behearskosten en de oanspraaklikheid binne foldwaande beändere. Sadwaande koe de oerdracht yn de Steaten in hammerpunt wurde.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling