FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Bedriuwsbesite Van der Galiën Koatstertille

It bedriuw leit op in lokaasje mei oan de iene kant fan de wei in wenwyk en oan de oare kant in bedriuwsterrein. Van der Galiën sit sûnt 2004 op dizze lokaasje. De âlde skipswerf wie in pracht lokaasje foar de aktiviteiten fan Van der Galiën om't hja oan it wetter lizze en sadwaande harren produkten fia it wetter ôffiere kinne. De oanfier komt fia de as. 

Op in weachbrêge wurdt kontrolearre om hoefolle it giet en wat de ynhâld is. Al dy gegevens wurde opslein en nei in sintraal punt ta stjoerd. De kontrôle dêrop is strang. It bedriuw ferwurket sloop en bou ôffal en bewurket it hout foar de spaanplaatyndustry, pikemesterijen ensafuorthinne. Yn in ymmins grutte hal wurdt it hout fynmeald, it izer wurdt der úthelle en sa wurdt it fierder ferwurke. It pún dat tusken it stoartôffal sit wurdt ôffierd. Van der Galiën wol graach útwreidzje en hat in oanfraach yntsjinne foar in nije houtshredder. 

It wie nijsgjirrich om op it bedriuw te sjen. De kontrôle fan de Provinsje leit wol in druk op it bedriuw; om de 14 dagen  komme se del om te sjen oft alles oan de foarskriften foldocht. Dat bewenners klachten hienen wie wol bekend, mar it bedriuwsterrein is yndield yn kategory 5 en dan kin men fansels wol wat oerlêst ferwachtsje. Foaral de ferkearsbewegings wurde as lestich ûnderfûn. 

Van der Galiën soe sa graach wolle dat de gemeenteried ris delkaam, leafst mei de boargemaster derby. Want dy hie noch nea op it bedriuw west. Der libbet in winsk om in rûnwei om Koatstertille hinne te lizzen sadat de oerlêst ferminderje kin. In nijsgjirrige besite oan in bedriuw dat oan 40 minsken wurkgelegenheid jout. 

Wy hawwe oanjûn dat wy it bedriuw sels net oansprekke mar dat wy foar de omjouwing optrede as folksfertsjintwurdigers en it kolleezje fan DS befreegje op harren rol as hanthavener. De antwurden op ús fragen binne kaam op 2 july.

Pytsje de Graaf



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling