FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

In wykein op It Amelân

Earst krige de fraksje in rûnlieding troch it nije sintrum. It wie noch net alhiel klear mar men wie drok dwaande mei de tariedings foar de iepening op 25 juny. It is in prachtich sintrum wurden mei it ûnderwetter akwarium en it edukative sintrum dêr't bern en âlderen in soad leare kinne oer de skiednis en takomst fan it Amelân oan de hân fan de natuereleminten fan it eilân. In knap stikje wurk, de fraksje spruts alle wurdearring út foar it fêsthâldende krewearjen fan de eilanners foar dit sintrum. 

Nico Oud, wethâlder en Jester Nynke Schouwstra namen de fraksje mei nei de gasstookte enerzjyfoarsjenning en sa kamen se op it doel fan it Amelân, selsfoarsjennend te wurden op enerzjymêd. Jester Nynke  fertelde oer it projekt Noorderlicht, in wenningkompleks dy't folslein oansluten is op in gasnetwurk dêr't CO2 oan taheakke wurdt. Dêrtroch kin der in besparring fan gas realisearre wurde fan likernôch 15%. Bewenners fan it kompleks binne entûsjast oer de tapassing dêrfan. Wol is it sa  dat de ierpels wat letter gear binne mar dat went gau. De technyk dy't tapast wurdt is unyk en der binne hege ferwachtings fan de resultaten. 

Oud joech oan dat it Amelân graach in poadium wêze wol foar duorsume enerzjyprojekten. Sa ek mei it griene ljocht op de pier. Grien ljocht wurdt tapast om de fûgeltrek net te fersteuren. It docht bliken dat grien ljocht de natuerlike radar fan trekfûgels net beynfloedet. Yn gearwurking mei de partners NAM/Eneco en Gasterra kinne sokke projekten opset wurde. It draachflak by de befolking is  ek grut.

It Amelân is ien fan de Cradle to Cradle eilannen. Dêr waard ek efkes by stilstien. Neffens wethâlder Oud is dat in hiele útdaging, mei it C2C prinsipe yn  de efterholle besiket it Amelân in selsfoarsjennend eilân te wurden, mar hja wurde dêryn ek behindere troch it provinsjale streekplan dat regelet dat der gjin wynmolens op de waadeilannen pleatst wurde meie. Oud woe graach hawwe dat de provinsje dêr wat mear romte foar jaan soe; dan giet it net om grutte hege mûnen mar om lytsere turbines.

De Amelanner binne kreative minsken, regelje harren saakjes it leafst sels en fiele harren troch alderhande regels en wetten wolris beheind yn harren bedriuwsfiering. Foaral it feit dat der fiif ministearjes oer it eilân geane en it iene foarskrift it oare foarskrift oerlapet is bytiden in grutte argewaasje. De FNP is dêrfan op de hichte en hat yn it kader fan Natura 2000 al earder aksje ûndernaam rjochting De Haach om dêr omtinken foar te freegjen.

Al mei al wie it in tige nijsgjirrige wurkbesite dêr't in soad saken foarby kamen en de steatefraksje mei in dúdlik boadskip nei de fêste wâl stjoerd wurdt. Pytsje de Graaf betanke de meiwurkers fan it natuermuseum foar de gastfrijens en lange in flesse Torentje oer om de iepening fan it sintrum te bedrinken, ek de wethâlder en Jester Nynke krigen in hertfersterking en waarden tige tank sein foar harren bydrage.

De steatefraksje sluet harren besite ôf by de mearfalkwekerij yn Buren. Douwe Bijlsma wist noch in forel te fangen dy't de jûns troch de steatefraksje yn in streksum miel behimmele waard.

  



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling