FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

FNP tefreden oer antwurd 380 KV heechspanningslieding

De fraksje hat mûnlinge fragen steld yn de Steaten oer de nije heechspanningslieding dwers troch Fryslân.

It Kolleezje antwurde alhiel nei it sin op de fragen fan wurdfierder Douwe Bijlsma. DS hiene har net realisearre dat it sa'n polityk gefoelich ûnderwerp wêze soe. Dêrom hiene allinnich inkele amtlike ôfdielingen har technyske beswieren ynbrocht. Dat is no rjochtset.

Deputearre Hans Konst sei ta dat der oerlis komme soe mei Grinslân. De lânskiplike arguminten fan Grinslân jilde ek foar Fryslân. It alternatyf fan in kabel ûnder see sil serieus ûndersocht wurde en ynbrocht by it Ryk. De technyske beswieren fan in kabel troch it wetter binne ek folle minder as by oanlis ûnder de grûn, sa stelde de deputearre.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling