FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Debat yn Steaten oer Keunstensintrum A7 wegere troch koalysje

In oanfraach troch de SP foar in ynterpellaasje oer it fallite Keunstensintrum A7 kaam net fierder as in proseduere debatsje yn de Steaten fan 4 novimber.

De ynterpellaasje waard wegere troch de koalysjepartijen PvdA, CDA en ChristenUnie. It argumint wie dat de Provinsje net oer it Keunstensintrum giet.

 

Fraksjefoarsitter Johannes Kramer liet, lykas de rest fan de opposysje, dúdlik merke dat de FNP it net mei dizze gong fan saken iens is. Earder binne der genôch ynterpellaasjes west oer saken dêr't de Provinsje gjin foech oer hat. De FNP wiist der hjir ek noch mar ris op dat de Keunstensintra pylders binne foar it fergrutsjen fan de kultuerpartisipaasje troch de ynwenners fan Fryslân. Sa stiet it te lêzen yn de provinsjale Kultuernota. In fallyt Keunstensintrum kin de PvdA deputearre dus noch wol ris raar foar de fuotten rinne yn har kultuerbelied.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling