FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijsbrief Steatefraksje

Nijs út de Steaten fan 16 desimber

FNP glêshelder tsjin REC Omrin - Slagge FNP moasje by Iepenbier Ferfier - Steaten stimme yn mei Fryske Universiteit - FNP kritysk oer wynmûnepark Urk - Skuor yn de broek foar Galema mei Nij Thialf

FNP glêshelder tsjin REC Omrin

 

Tsjinstanners fan de ôffaloven yn Harns hawwe in Boargerinisjatyf naam. Sa hawwe se mei 14.000 hantekeningen in debat yn Provinsjale Steaten ôftwongen oer de REC fan Omrin.

De omwenners binne foaral bang foar harren sûnens en betwivelje nut en needsaak fan de ôffalferbrâner. Nei eardere besluten fan Omrin / Afvalsturing N.V. en de gemeentlike polityk koene se no allinnich noch by Provinsjale Steaten terjochte as har folksfertsjintwurdigers.

Fan de provinsjale partijen waard frege om helder oan te jaan wêr't hja steane yn de kwestje. De FNP hie mei de ynbring fan miljeuwurdfierder Pytsje de Graaf in glêsheldere bydrage. Wy sjogge nut en needsaak fan de oven net. It belied fan Europa, it Ryk en de Provinsje is der krekt op rjochte om minder ôffal te produsearjen, mear ôffal op 'e nij as grûnstof te brûken en minder hinne en wer te slepen. Fierder is der al in oerkapasiteit fan ferbrâningsovens yn Europa en de Minister hat in boustop ôfkundige. En it wichtichste is wol dat it draachflak ûntbrekt. Gemeenten wolle út Omrin stappe of hawwe al ôfskied naam fan de N.V. De omwenners litte merke dat se der gjin betrouwen yn hawwe en de polityk yn de wide omjouwing fan Harns is ferdield oer de kwestje. De Provinsje hat net it foech en is mei syn kommunikaasje ek net by steat om hjir wat oan te dwaan, sa die bliken.

In mearderheid fan de Steaten hat no in útstel oannaam om Omrin en de gemeenten as oandielhâlders yn Omrin te freegjen it beslút oer de oven op 'e nij ôf te waagjen. Omdat de bou al safier hinne is, komt it der op del dat men allinnich noch beslute kin om de ynstallaasje dan net yn gebrûk te nimmen en syn ferlies te nimmen.

 

Slagge FNP moasje by Iepenbier Ferfier

De Steaten hawwe by de evaluaasje fan it nije Iepenbier Ferfier systeem in moasje fan FNP wurdfierder Marten van der Veen oannommen. De moasje stelt fêst dat der al in skoft gjin yndeksearring fan de OV jilden / BDU (= Brede Doel Utkearing) troch it Ryk mear plakfynt. Sa buorket Fryslân stadichwei efterút. It is dan net realistysk dat nije oanbestegingen mei de hjoeddeistige programma's fan easken plakfine kinne op basis fan it priisnivo 2005.

Boppedat komme der ek op oare wizen grouwélige besunigingen troch it Ryk op de Provinsje ôf. De finansjele dekking fan it Iepenbier Ferfier wurdt sadwaande hieltyd lestiger.

De moasje fersiket it kolleezje fan Deputearre Steaten by regear en Twadde Keamer mei klam oan te stean op in folsleine yndeksearring fan de OV jilden / BDU. Dêrneist moat dit punt ek eksplisyt ynbrocht wurde yn de ûnderhannelingen fan Provinsje, IPO en Ryk oer oansteande besunigingen op Provinsjefûns en doelútkearingen. De deputearren sille der mei oan de slach.

 

Steaten stimme yn mei Fryske Universiteit

Provinsjale Steaten hawwe mei algemiene stimmen it plan stipe om in nije Universiteit yn Fryslân op te rjochtsjen. De FNP is tige optein oer de plannen. In lang koestere winsk, dy't wy yn eardere ferkiezingsprogramma's dellein hiene, liket no stâl te krijen. 

 Wy ferwachtsje fan dizze ynvestearring in better struktuer fersterkjend rindemint op de ekonomyske en kennis-struktuer fan Fryslân as mei de grutte ynfrastruktuerplannen fan it foarige Kolleezje. Fryske studinten, heech oplaat personiel mar ek de wurkers, bedriuwslibben en leveransiers der om hinne sille der yn lingte fan jierren profyt fan hawwe, is de ferwachting. En it is fansels in geweldige opstekker foar Ljouwert as haadstêd fan Fryslân, dy't him no ek as brûzjende studintestêd nei it bûtenlân ta profilearje kin.

 

 

FNP kritysk oer wynmûnepark Urk

Wurdfierder Douwe Bijlsma hat dúdlik útsprutsen dat de FNP tige ûngelokkich is mei it nije grutskalige wynmûnepark dat by en yn de Iselmar tusken Urk en De Lemmer boud wurde sil.

It is in ryksprojekt dêr't de Provinsje gjin sizzenskip oer hat. Wy meie al ynsprekke omdat in part fan de mega-turbines op it grûngebiet fan Lemsterlân komt te stean. 

De FNP fynt de lânskiplike ympakt, hoarizonbedjer en oerlêst foar de omwenners net opwaagjen tsjin de relatyf lytse bydrage fan de wynenerzjy oan de oplossing fan ús enerzjyprobleem. Ommers, foar elk wynmûnepark moat earne in djoere konvinsjonele enerzjysintrale op fossile brânstof 'stand-by' stean as der gjin wyn is. En it produsearjen, opbouwen en letter wer ôfbrekken fan turbines kostet ek enerzjy. Dan bliuwt der netto net safolle winst foar it miljeu oer as wol suggerearre wurdt. Salang't wy net de miljeukosten yn ús produkten en tsjinsten trochberekkenje bliuwt it dweiljen mei de kraan iepen.

De mega-mûnen by Urk sille oant yn Gaasterlân te sjen wêze. Fan it frije útsicht oan de kust yn it Nasjonale Lânskip Súdwest Fryslân bliuwt dan net folle oer. Bijlsma woe ek dat der ûndersocht wurdt wat de (negative) gefolgen foar de rekreaasje yn it Iselmargebiet binne. Der is tasein dat in ûnderbouwing foar de effekten op rekreaasje en romtlike kwaliteit by it Ryk frege wurde sil.

De deal dy't Deputearre Steaten mei it Ryk dwaan wolle hat de FNP tsjin stimd. De deputearre wol besykje om yn ruil foar in bettere romtlike ûnderbouwing in tal wynturbines oan de Iselmarkust op Frysk grûngebiet ferdwine te litten. Mar it die yn it debat al gau bliken dat der gjin inkele garânsje is dat hjir wat fan op 'e hispel komt.

 

Skuor yn de broek foar Galema mei Nij Thialf

Grienlinks hat in debat oanfrege oer de grutte bouplannen foar in nij Thialf en Sportstad.

Deputearre Galema hat oant no ta de Steaten net belutsen by dizze ûntwikkelingen. Sadwaande binne der noch gjin finansjele en ynhâldlike kaders oanjûn dêr't it plan neffens PS oan foldwaan moat. Der wie wol tasein dat it Kolleezje ynkoarten nei PS komme soe mei stikken. Kaders en kontrôle binne wol nedich omdat it om tige djoere plannen giet.

De gong fan saken wie foar Grienlinks reden om in moasje fan begrutsjen yn te tsjinjen. De FNP fûn dit middel te swier mar hat lykas de mearderheid fan de oare partijen dúdlik oanjûn dat men tige ûntefreden is oer de wize wêrop it Kolleezje oant no ta de Steaten bûten de tarieding hâldt.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling