FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

FNP fragen oer ferbetterjen Taalkado

De Steatefraksje fan de FNP stelt fragen oan deputearre Poepjes oer it Taalkado foar jonge Fryske âlders en harren bern. Hoe sil it Taalkado fierder ferbettere wurde? Oanleiding binne de oanbefellingen fan twa ûndersiken nei it Taalkado en de taal yn Fryslân dy't okkerdeis ferskynden.

It Taalkado kin noch wol wat ferbettere wurde, sa komt út de oanbefellingen fan de ûndersiken nei foaren. Wurdfierder Frysk Corlienke de Jong fan de FNP freget bygelyks nei de taalkado's yn de gemeente Ljouwert. ‘Dy binne geregeldwei op, wylst der wol fraach nei is. Wat dogge jim hjiroan?' Der soene ek nije items yn it pakketsje moatte. Bygelyks in online-ôfspyllist fan berneferskes yn stee fan de ferâldere CD dy't der no noch is.

 

De Jong: ‘Ien fan de oanrikkemandaasjes is om eigen guod fan gemeenten mei te jaan. Sa kin it Taalkado oantrekliker makke wurde en mear op maat. Bygelyks mei materiaal yn Fryske streektalen nei kar. Kinst dy ek fergees oanmelde by de bibleteek - fia ‘Boekstart' - om it lêzen by de bern te stimulearjen. Mar dan moatte jo dat al witte fansels. Wy wolle witte wat it Kolleezje hjir oan docht.'

 

It Taalkado bestiet al sûnt 2006 en wie in inisjatyf fan de FNP en oare partijen yn provinsjale Steaten. Ut de effektmjittingen fan it Taalkado docht bliken dat likernôch 86% fan de âlders tinkt dat twatalich grutbringen posityf is foar de ûnwikkeling fan it bern. It Taalkado is dêrby in positive stimulâns. 


Oanhingsel(s):
Taalkado
FNP skriftlike fragen Taalkado


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling