FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

Steatefragen oer feiligens nije brêge Dronryp

Omwenjenden yn Dronryp hawwe soargen oer ûnfeilige situaasjes by de nije brêge oer it Van Harinxmakanaal. It wurk sil ynkoarten útein sette. Benammen de steile helling yn it ûntwerp ropt beswieren op. De Steatefraksje stelt skriftlike fragen oan deputearre Poepjes oer de kwestje.

Droegen oplossing

FNP wurdfierder Klaas Fokkinga wol witte oft de deputearre op de hichte is fan de soargen. Hy wol dat de provinsje yn oerlis giet mei de omwenjenden en Veilig Verkeer Nederland. Der moat eins in droegen oplossing komme dy't ek feilich is foar fytsers, seit Fokkinga: ‘Hokker ôfspraken binne der makke mei de omjouwing en mei de gemeente oer it ûntwerp?'.

 

Untwerp oanpasse

Fokkinga freget wêrom it ûntwerp fan de nije brêge in helling hat fan 2,3% wylst dat neffens de saneamde CROW-noarmen maksimaal 1,6% wêze mei. Hy wol witte oft dy noarmen foar in provinsjale brêge binend binne en wêrom it ûntwerp dêr fan ôfwykt. ‘Kin it yn dit stadium noch oanpast wurde? En wat hat de deputearre al ûndernommen foar de omwenjenden?'


Oanhingsel(s):
Brêge Dronryp
FNP skriftlike fragen brêge Dronryp
Antwurd op FNP fragen brêge Dronryp


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling