FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

Fragen yn Steaten - Oergong gasputten fan NAM nei Vermilion

Wopke Veenstra: geane de ôfspraken mei de regio oer de gaswinning fan de NAM ien op ien oer nei Vermilion?

Fragen oan deputearre Schrier

 

Ûnderwerp: Oergong gasputten fan NAM nei Vermilion

 

Yn de media koene wy lêze dat de NAM ferskate besteande lytse gasfjilden yn Noardeast-Fryslân foar in net neier neamd bedrach oerdien hat oan Vermilion. Vermilion wurdt dêrmei eigner fan de gasputten en de ynfrastruktuer fan leidingen en ynstallaasjes dy't dêr by heart. (1)

 

De NAM hie jierrenlang beskate ôfspraken mei de regio oangeande de ôfhanneling fan skea, kompinsaasje ensfh. Foar safier bekind makket Vermilion aparte ôfspraken mei doarpen makke oer nulmjittingen, skea en ynvestearringen yn in gebietsfûns (lykas by Top en Twel).

 

(1). Ljouwerter Krante, 17 maart 2018

 

 

1.     Geane de ôfspraken mei de regio oer de gaswinning fan de NAM ien op ien oer nei Vermilion ?

 

2.     Binne sokke ôfspraken oer gebietsfûns, skeaôfhanneling en sa juridysk ôf te twingen en oer te dragen op deselde wize as betingsten yn in hierkontrakt foar it lân wêr't in gasput yn leit ?

 

3.     Sa net, moat der dan no by elk ferkocht lyts gasfjild wer hielendal op'e nij ûnderhannele wurde mei Vermilion of in oare nije eigener?

 

4.      Sjogge jo krekt as ús dat hjirmei de nije eigener ‘verdeel en heers' spylje kin en dat der mooglik in ûngelykense situaasje ûntstiet foar de boarger by de ferskillende gasfjilden en mynboumaatskippijen?

 

5.     Soe it dan net better wêze dat wy oantrúnje op ien oersichtlike regeling foar de hiele provinsje nei it Grinzer model? Lykas no ek yn Drinte bepleite wurdt? Lykas de minister wolle wy eins de yndividuele boarger en de yndividuele doarpen net belêste mei dizze lestige en juridyske tûkelteamen. Soene jo dêr aksje foar ûndernimme wolle ?

 


Oanhingsel(s):
gaswinning


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling