FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

Jild Waadfûns behâlde foar de regio

Jild fan it Waadfûns moat ek nei 2026 beskikber bliuwe foar de regio. Dat fynt de FNP yn Provinsjale Steaten. Steatelid Wopke Veenstra komt mei in moasje hjiroer yn de gearkomste fan 28 maart.

Fertraging projekten

Oanlieding foar de moasje is it rapport fan de Noardlike en Hollânske Rekkenkeamers oer it Waadfûns . De ûndersikers warskôgje dat grutte bedraggen, op it stuit wol € 60 miljoen, op de planke lizzen bliuwe omdat projekten fertraging oprinne. De fertraging ûntstiet om't dy projekten faak in grut tal jierren ûnderweis binne en ek  hiel yngewikkeld wêze kinne. Mei it jild wolle de oerheden de ekonomy en de natuer yn de Waadregio befoarderje.

 

Aksje nei it Ryk

It Waadfûns rint yn 2026 ôf. It moat neffens Veenstra fan de FNP net sa wêze dat it jild dat net op'e tiid bestege is, werom moat nei it Ryk. Dat driget neffens de Rekkenkeamers al. Veenstra freget dêrom aksje fan it Kolleezje fan DS om projekten flugger dien te meitsjen. De provinsje moat yn dy oanpak gearwurkje mei de oare provinsjes dy't meiielkoar yn it Waadfûns sitte. De oerheden soene tagelyk by it Ryk bepleitsje moatte dat it jild ek nei 2026 foar de regio beskikber bliuwt.


Oanhingsel(s):
Waad


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling