FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

24 febrewaris - Manifestaasje tsjin gaswinning yn Grinslân en Fryslân

Om in sterke fûst te meitsjen tsjin gaswinning en de skealike gefolgen hjirfan organisearje de gearwurkjende regionale OSF-partijen FNP, Groninger Belang en Partij voor het Noorden in manifestaasje.

OPROP:

 

Sneon 24 febrewaris 2018, De Grinzer Pein

Om in sterke fûst te meitsjen tsjin gaswinning en de skealike gefolgen hjirfan hâlde aksjefierders út de provinsjes Grinslân én Fryslân in manifestaasje.

 

Jo binne hjirby fan herte útnoege!

De manifestaasje wurdt hâlden yn it grinsgebiet fan de beide provinsjes, by it gasboaringsstasjon yn Opende, de Grinzer Pein, oan de Kolonieweg. Dit is op sneon 24 febrewaris o.s. om 10.00 oere moarns.

 

Tema fan dizze manifestaasje is:

 

SAMEN VAN HET GAS AF!

 

Fansels giet it by dizze net allinnich om de gaswinning mar ek om de skea troch sâltwinning en de boaiemdelgong hjirtroch.

Der sille ferskate sprekkers wêze, û.o. Bram Schmaal (fractievoorzitter Statenfractie Groninger Belang), Corlienke de Jong (fraksjefoarsitter Steatefraksje FNP Fryslân), Partij voor het Noorden en in fertsjintwurdiger fan de Groninger Bodembeweging.

Foar kofje en tee wurdt soarge!

Wy ferwachtsje in massale opkomst!

 

Foar ynformaasje oer dizze manifestaasje kinne jo kontakt opnimme mei wurdfierder FNP Steatefraksje Wopke Veenstra, telefoannûmer 06-133 37 37 29

 


Oanhingsel(s):
De FNP lit Fryslân nea sakje


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling