FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

Gjin gegriem yn Fryske grûn mei kearnôffal

De FNP hat noed dat it Ryk de opslach fan kearnôffal yn Fryslân trochsette wol. De partij wol dat de provinsje fêsthâldt oan it Streekplan. Dêr stiet dat wy gjin opslach fan kearnôffal, CO2 of oare frjemde stoffen yn de Fryske boaiem wolle. Steatelid Wopke Veenstra stelt mûnlinge fragen oer de kwestje yn Provinsjale Steaten fan 21 febrewaris.

Oanlieding foar de fragen fan de FNP is it OPERA-rapport oer de takomstige opslach fan kearnôffal, dat okkerdeis nei de Twadde Keamer stjoerd is. It Ryk hat in Structuurvisie Ondergrond fêststeld, wêryn men besiket it gebrûk fan de djippe ûndergrûn ek ûnder ús provinsje te regeljen. Der hat ek ôfstimming west mei de provinsje Fryslân, mar de opslach fan radio-aktyf ôffal is gjin ûnderdiel fan dy ôfspraken, sa docht bliken út ynformaasje fan it Kolleezje fan DS.

 

Veenstra: ‘Wy wolle as regio in stim hâlde yn dit ferhaal. It útgongspunt bliuwt ‘gjin gegriem yn ús grûn'. Dat hawwe de Steaten as folksfertsjintwurdiging fêstlein yn moasjes en yn it Streekplan. Der is noch hieltyd grut ferset tsjin gebrûk fan sâltkoepels en klaailagen ûnder Fryske gemeenten. Ik wol witte oft der ôfstimming mei de Fryske gemeenten west hat. Dat hawwe wy yn it ferset tsjin de nije gasboarringen ek dien.'

 

‘Binne der romtlike effekten ûnder de grûn dy't juridysk hout snije kinne?', sa freget Veenstra. ‘Kinne wy dy proefboaringen foar it kearnôffal ek opkeare? Der spilet no fan alles. De gaswinning, de sâltwinning, CO2, wetterstof.  Undergrûnske opslach fan kearnôffal kin bygelyks de takomstige winning fan geotermy of de drinkwetterwinning wolris raar yn'e wei sitte. Mar dy geotermy wolle wy graach foar ús oerstap nei fossylfrije enerzjy. Krije wy as Fryske polityk hjir noch wat oer te sizzen? ‘


Oanhingsel(s):
FNP mûnlinge fragen kearnôffal
Brief DS 8 maart 2018 Uitvoeringsagenda Bodem en Ondergrond
Brief DS 21 des 2016 antwurd op SP fragen Structuurvisie Ondergrond
Opslach kearnôffal


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling