FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

Undersyk effekt gebrûk keunstdong op feangreide

Is it foar de CO2-reduksje better om organyske dong te brûken op feangrûn yn stee fan keunstdong? De FNP wol dizze fraach wittenskiplik beäntwurdzje kinne en freget dêrom in ûndersyk mei in moasje yn Provinsjale Steaten.

De FNP hat útfûn dat der yn de perioade 2013-2015 wol gegevens sammele binne oer de effekten fan dong op klaai- en feangrûn, mar dat dêr noch gjin analyze of rapport fan makke is. It Louis Bolk Instituut en de Van Hall Larenstein University moatte dat rapport dien meitsje, fynt FNP wurdfierder Wopke Veenstra.'Wy wolle witte wat it dongjen betsjut foar de delgong fan it feangebiet en hoe't men op in oare wize al trochbuorkje kin. Minder ynkeap fan djoere keunstdong kin foar de boer ek in finansjele ynstruier wêze.'

 

Op basis fan literatuerstúdzje en de besteande gegevens út de praktykûndersiken moatte de Steaten skerp yn byld krije wat de effekten fan keunstdong, rûge dong, jarre, kompost en oare dongfarianten binne, sa fynt Veenstra. ‘Dy effekten binne noch nea goed kwantifisearre lykas by oare relevante faktoaren yn de feangreide, bygelyks grûnwetterpeil en djippe grûnbewurkingen. Wy hawwe dy kennis nedich as wy beslute moatte oer de meast effektive maatregels yn in definityf programma nei 2019.'


Oanhingsel(s):
FNP moasje keunstdong op feangreide
Feangreide


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling