FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

FNP: wat betsjut ‘maximale vermindering' gaswinning Grinslân foar Fryslân?

Binne der neist De Pein noch mear yllegale gaswinningen yn Fryslân? Dat wie de fraach dy't de FNP stelde yn de Steaten fan 27 septimber. Wat is it gefolch foar Fryslân fan de ‘maximale vermindering' fan de gaswinning út it Grinzer fjild dêr't minister Wiebes oer praat nei oanlieding fan de resinte ierdbeving? De partij lûkt mei skriftlike fragen by deputearre Schrier oan de belle.

Wurdfierder Wopke Veenstra wol hearre wat der te rêden is. De deputearre hat tajûn dat de gaswinning fan Vermilion ‘yllegaal' wie, mar dat hy net wist hoe't it mei alle oare lytse gasfjilden yn de provinsje sit. De provinsje is foar syn ynformaasje ôfhinklik fan in webside fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken, wêrfan sein waard dat dy ‘mogelijk niet correct en niet accuraat' is. No't der wer in swiere ierdbeving west hat yn it Grinzer gasfjild wol minister Wiebes de gaswinning dêr ‘maximaal verminderen'. De FNP wol witte oft de oanboazjende ferhalen klopje, dat der no mear gas helle wurdt út Fryske putten.

 

Veenstra hat syn nocht: ‘Ik wol witte wat de reden is dat wy ek nei trije kear oantrunen gjin antwurd krije. Sels in simpel proseduerebriefke dat om útstel freget, hawwe wy net krigen. It Staatstoezicht op de Mijnen soe ekstra ûndersyk dwaan nei de juridyske status fan De Pein en de oare gasfjilden. Wy wolle witte wat dêr útkommen is. Leit der no wol of net in relaasje tusken de gaswinning yn Grinslân en de winning út de oare gasfjilden yn Nederlân, dus ek yn ús provinsje? Ik tidigje der op binnen no en fjouwer wiken antwurd te krijen. De deputearre wit hoe gefoelich oft dit leit by ús ynwenners.'


Oanhingsel(s):
FNP skriftlike fragen tasizinggen gaswinning
Lit Fryslan net sakje
Antwurd op FNP mûnlinge fragen yllegale gaswinning
Antwurd op tasizzingen PS 27 sept 2017


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling