FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

FNP: kompinsaasje BTW-ferheging op drinkwetter fia fermogen Vitens

Drinkwetter is in earste libbensferlet en moat foar alle ynwenners fan Fryslân betelber bliuwe. It nije kabinet is no fan doel de BTW op earste libbenferlet te ferheegjen fan 6% nei 9%. De FNP wol dat neigongen wurdt oft it fermogen fan Vitens - leafst € 526 miljoen - brûkt wurde kin om dy BTW-ferheging te kompinsearjen.

Wurdfierder Sybren Posthumus: " Mocht it nije regear dizze plannen trochsette, dan  betsjut dat foar alle ynwenners fan Fryslân in ferheging yn de kosten op drinkwetter, op in earste libbensferlet. Dat moatte wy net wolle'.

 

Wetterbedriuw Vitens is haadrolspiler yn de drinkwetterfoarsjenning yn Fryslân. De provinsje Fryslân is grut-oandielhâlder fan Wetterbedriuw Vitens. De  Steatefraksje fan de FNP wol dêrom fan it kolleezje witte oft hja op'e hichte binne fan de mooglike ferheging yn de kosten fan drinkwetter.

 

Ek wol de FNP-steatefraksje fan it kolleezje witte oft, as it nije regear dizze plannen trochset, de ynwenners fan Fryslân fia Vitens kompensearre wurde kinne yn de kosten. Neffens FNP-wurdfierder Posthumus ‘kin de eigen fermogensposysje fan Vitens fan leafst € 526 miljoen hooplik brûkt wurde om de dryste kabinetsplannen foar de ynwenners te kompinsearjen'. 


Oanhingsel(s):
drinkwetter kraan
BTW tariven drinkwetter Vitens
Antwurd op FNP fragen BTW tariven drinkwetter Vitens


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling