FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

FNP fragen oer takomst soarchfersekerder ‘De Friesland'

Wat binne de gefolgen foar it provinsjaal belied no't soarchfersekerder De Friesland as selsstannich bedriuw ferdwynt? De Steatefraksje fan de FNP stelt hjiroer fragen oan Deputearre Steaten. Beslissingsfoech en wurkgelegenheid moatte yn Ljouwert bliuwe, fynt de partij.

De FNP makket him soargen dat de besteande oerlizzen en gearwurking mei de provinsje oer bygelyks sprieding fan soarchfoarsjenningen en de húsartsensoarch aanst yn de knipe komt. Wurdfierder Corlienke de Jong: ‘Wy freegje it Kolleezje om in reaksje op it ferlies fan in selsstannige direksje dy't autonoom besluten nimme kin yn it belang fan de ynwenners fan Fryslân.'

 

De Jong wol witte op hokker dossiers de provinsje en De Friesland no krekt gearwurkje. ‘Sille jo yn petear mei De Friesland om kontinuïteit yn dat oerlis en dy gearwurking te bewurkmasterjen?' De FNP is fan betinken dat sa folle mooglik wurkgelegenheid én beslissingsfoech yn Ljouwert bliuwe moat. De fraksje freget of it Kolleezje fan doel is en nim kontakt op mei de ‘De Friesland' hoe't it no fierder moat mei de rinnende projekten mei de Provinsje.


Oanhingsel(s):
FNP fragen soarchfersekerder De Friesland
De Friesland
Antwurd op FNP fragen De Friesland


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling