FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

FNP: ophâlde mei gemyske bestridingsmiddels

De Provinsje moat it goede foarbyld jaan en ophâlde mei it gebrûk fan omstriden gemyske bestridingsmiddels lykas glyfosaat (RoundUp). Dat stelt de provinsjale fraksje fan de FNP yn mûnlinge fragen oan Deputearre Steaten.

De FNP makket him slim soargen oer de hiele ûntwikkeling mei de gemyske bestridingsmiddels. Wurdfierder Wopke Veenstra wol dat de Provinsje no oanslút by it beslút fan it Europeesk Parlemint dat it gebrûk fan glyfosaat ophâlde moat. De kwestje is aktueel om't Brussel en de EU-lidsteaten no foar it beslút steane om dizze winsk út te fieren.

 

Wopke Veenstra: ‘Dizze politike diskusje fynt plak tsjin de eftergrûn fan in bredere diskusje. It giet oer de negative effekten fan de ynset fan gemyske middels lykas glyfosaat en neonicotinoïden op sûnens, natuer en miljeu, lânbou, iten, wetterkwaliteit en biodiversiteit. Bygelyks it nijste Dútske rapport dat beskriuwt hoe't it tal ynsekten de lêste desennia mei trijekwart fermindere is, dêr binne wy bot fan skrokken.'

 

Yn ús provinsje spilet ek it omstriden gebrûk fan metamnatrium yn de blombolletylt, dat yn Gaasterlân ten koste giet fan de sûnens fan ús ynwenners. De FNP freget ek op dit mêd op'e nij aksje fan de provinsje. Veenstra: 'Wol it Kolleezje yn dat ramt ek gebrûkers fan bestridingsmiddels oansprekke, dêr't de provinsje net sels wat oer te sizzen hat? Bygelyks troch dêr in ekstra aksje op te setten yn it provinsjale miljeuprogramma?'

  


Oanhingsel(s):
Bestridingsmiddels
FNP mûnlinge fragen gemyske bestridingsmiddels


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling