FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

FNP wol legere behearskosten Frysk finansieringsfûns FOM

De FNP wol dat de organisaasje dy’t skielk it behear docht fan de Fryske ûntwikkelingsmaatskippij (de FOM) in legere fergoeding krijt fan de provinsje Fryslân. Ynstee fan maksimaal 5% oer it ynleine fermogen moat der in fergoeding fan maksimaal 3% wêze. De Steatefraksje fan de FNP bringt dat woansdei yn in moasje nei foaren.

By de foargongers fan it op te rjochtsjen Frysk finansieringsfûns FOM, it Doefonds en de Kredietbank, wie ek sprake fan folle legere behearsfergoedings (respektivelik 3% en goed 2%). By it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy (FSFE) is sels sprake fan in fergoeding fan mar 1,5%.

 

De FNP is fan miening dat sunich mei mienskipsjild omsprongen wurde moat. In te hege fergoeding foar in fûnsbehearder past dêr net by. Mei in fergoedingspersintaazje fan 3 ynstee fan 5% besparret de provinsje Fryslân alle jierren 300.000 oant mear as 600.000 euro. Sa’t it no liket wurdt de moasje mei yntsjinne troch de VVD en de PVV.

 


Oanhingsel(s):
Behearskosten


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling