FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

Fyzje nedich op in duorsum enerzjybelied

Klaas Fokkinga en Henk de Vries - De provinsje Fryslân arbeidet mei ferskate gemeenten oan in ‘Fryske enerzjy stratezjy'. In poerbêst plan om taret te wêzen op de jierren nei 2020. Mar der is mear nedich foar in duorsum enerzjybelied.

 

Fryske Enerzjy Stratezjy 

Dat de provinsje dwaande is mei in ‘Fryske enerzjy stratezjy'  is in goede saak. It is altyd better goed klear te wêzen op ideeën of mooglike plannen út 'Den Haag' as te let of min te reagearjen. Wy witte ommers net mei hokker ideeën en plannen oft in nij regear komt foar it ûntwikkeljen fan duorsume boarnen fan enerzjy nei it jier 2020. No't der foar Fryslân in strategysk plan opsteld wurde sil, soe it ek goed wêze om it wurd 'stratezjy' goed ta te passen. In stratezjy hâldt yn dat der in plan ûntwikkele wurdt 'om in doelstelling te realisearjen mei in planmjittige ynset fan beskikbere minsken en middels.' Sa likernôch beskriuwt Van Dale it ek. 

 

Ek wurdt oanjûn dat der foldwaande draachkrêft by de belutsenen wêze moat. Oan dy draachkrêft is wurke troch by in fiiftal gebieten yn Fryslân del te gean yn nau oparbeidzjen mei Buro Berenschot. Dêrby binne goede ideeën oanbrocht en wy hoopje dat dizze goed kommunisearre wurde sille. Om lykwols de pretinsje út te hâlden dat dit dan al in 'Fryske Enerzjy Stratezjy' wêze soe, giet wat fier. Der soe ek sjoen wurde moatte nei takomstige duorsume boarnen fan enerzjy dy't beskikber komme tusken de jierren 2020 en 2050, en de mooglike tapassing dêrfan. Fansels soe ek sjoen wurde moatte nei de akseptaasje troch de omjouwing.   

 

Konferinsje

Om hjir mear dúdlikens oer te krijen organisearret de European Free Alliance (EFA) in (aksje-)konferinsje. De EFA is in pro-Europeeske partij yn it Europeesk Parlemint dy't likernôch 55 miljoen Europeanen fertsjintwurdiget. De FNP is hjir lid fan, lykas ûnder oaren de Skotten (SNP) en de Katalanen.

 

De EFA hat op syn lêste kongres besletten om in eigen ûnôfhinklik ûndersyk te dwaan nei duorsume boarnen fan enerzjy en de resultaten om te setten yn aksjes op in konferinsje. It is slagge en helje dizze ynternasjonale konferinsje nei Ljouwert. Dy sil plakfine op 27 en 28 oktober. Saakkundigen út ferskate lannen wurde útnûge foar de konferinsje. Ek sil der rapportearre wurde oer de politike aspekten by de tapassing fan duorsume enerzjy yn ferskate Europeeske regio's. Analyses fan en diskusjes oer koöperaasjefoarmen yn doarpen en regio's steane op it program. 

 

Dizze konferinsje siket benammen de aksje en nûget dêrta ek bedriuwen en ynstituten út dy't de ambysje hawwe om yn dizze regio út te blinken yn de oanpak fan nije enerzjyboarnen. Dêrmei kin it in weardefolle oanfolling biede op de ‘Fryske Enerzjy Stratezjy'.

 

 

Dit artikel is earder ferskynd yn it Friesch Dagblad 29 augustus 2017 - Opinie

Klaas Fokkinga is Steatelid foar de FNP. Henk de Vries is foarsitter fan de wurkgroep enerzjy fan de FNP.


Oanhingsel(s):
SEC 2017


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling