FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

Hannen ôf fan Schilkampen

De FNP en de Partij voor de Dieren wolle net dat der in fargeul dwers troch natuergebiet Schilkampen yn Ljouwert oanlein wurdt. In gebiet hat in grutte rykdom fan fûgelsoarten en der húsmannet in grutte koloanje fan briedende kobben (kokmeeuw). Dat makket it gebiet unyk yn de stêd.

Neffens in ekologysk rapport fan Altenburg en Wymenga is it gebiet wichtich om de soart yn stân te hâlden. De nije farferbining kin der ta liede dat de koloanje ferdwine sil.

Nettsjinsteande swiere protesten fan omwenjenden sil nije wike (25 july) dochs útein set wurde mei de oanlis. De partijen hawwe mei faasje oan deputearre Kramer frege om it gebiet oan te merken as 'it hiele jier troch beskerme nestplak' en der tafersjoch op te hâlden dat de gemeente ôfsjocht fan de plende graafwurksumheden.  

 

Taheakken:

PvdD en FNP schriftelijke vragen Schilkampen 

FNP en PvdD skriftlike fragen subsydzje Wetterfront Ljouwert 

 


Oanhingsel(s):
Schilkampen
Antwurd op FNP + PvdD fragen situaasje Schilkampen
Antwurd op FNP + PvdD fragen Wetterfront Ljouwert


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling