FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

FNP: ynternasjonale oanpak guozzeskea

De oanpak fan de guozzeskea moat op de lange termyn komme troch ynternasjonale gearwurking. Spesifike maatregels foar de winterguozzen binne dêrby foar Fryslân it wichtichste. Dat stelt de fraksje fan de FNP mei in moasje yn Provinsjale Steaten.

Neffens wurdfierder Wopke Veenstra is it guozzeprobleem útsoarte in probleem oer de grinzen hinne: ‘It leit yn de aard fan it bistje as trekfûgel. Se binne sa mar de grins mei in oare provinsje en oare lannen oer. Tink ek oan de ûnderlizzende oarsaken lykas de klimaatferoaring. In min briedseizoen yn Siberië hat hjir syn effekten. It is dus logysk dat der in ynternasjonale oanpak foar winterguozzen (paugoes-brandgans en skiere goes-grauwe gans) komt. Yn Fryslân ha wy de measte lêst fan dizze winterguozzen. Dêrom sille wy de ynternasjonele maatregels benammen dêr op rjochtsje moatte.'

 

De Provinsje Fryslân sil foar Nederlân en út namme fan de oare provinsjes (it IPO) de ûnderhannelingen dwaan oer in noch te sluten ynternasjonaal guozze-akkoart, yn it saneamde AEWA-ferbân (Agreement on the Conservation of African-Eurasian Migratory Waterbirds). De winterguozzen binne op basis fan nasjonale wetjouwing, de Europeeske fûgelrjochtline en ynternasjonale ferdraggen in beskerme soart. De FNP tidiget der mei de moasje op dat Fryslân yn syn posysje as penfierder al it mooglike dwaan sil om dochs ta in spesifike oanpak en eventuele juridyske frijstelling foar de winterguozzen te kommen.


Oanhingsel(s):
FNP moasje ynternasjonale oanpak guozzeskea
Guozzen


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling