FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

Steatefraksje FNP komt mei moasje stipe Alde Fryske Tsjerken

De Stifting bepleitet al jierren om de subsydzje meigroeie te litten mei it tal tsjerken, leit direkteur Gerhard Bakker út. "It tal tsjerken is mei 25% groeid, mar de subsydzje is gelyk bleaun. Dat begjint hieltyd mear te knipen. Wy binne dan ek bliid mei it inisjatyf fan de FNP."

De fraksje fan de FNP yn Provinsjale Steaten fan Fryslân komt yn de gearkomste fan woansdei 28 juny 2017 mei in moasje om it wurk fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken te stypjen mei in ekstra bydrage fan € 200.000. De FNP hat fan ferskate oare partijen al sinjalen krigen dat hja de moasje stypje sille.

 

De moasje wurdt yntsjinne by de behanneling fan de Kadernota 2018 fan de Provinsje Fryslân. Troch dizze Kadernota hawwe de Steaten in budzjet fan € 20 miljoen te ferdielen, dat reservearre is foar de twadde helte fan de hjoeddeistige kolleezjeperioade 2016-2019.

 

De Stichting Alde Fryske Tsjerken hat yn har beliedsplan 2017-2020 oan de Provinsje frege om de jierlikse subsydzje fan € 200.000 te ferheegjen oant € 350.000. Dit yn ferbân mei de groei fan it tal tsjerkegebouwen dat de Stifting yn eigendom hat. Yn 2009, doe't de subsydzje foar it lêst ferhege waard, wiene dat der 38. Underwilens hat de Stifting 49 tsjerken yn eigendom. 

De Stifting bepleitet al jierren om de subsydzje meigroeie te litten mei it tal tsjerken, leit direkteur Gerhard Bakker út. "It tal tsjerken is mei 25% groeid, mar de subsydzje is gelyk bleaun. Dat begjint hieltyd mear te knipen. Wy binne dan ek bliid mei it inisjatyf fan de FNP."  

 

Taheakke:

FNP moasje Alde Fryske Tsjerken 


Oanhingsel(s):
Alde Fryske Tsjerke


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling