FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

FNP: N359 Westergoawei fertsjinnet feilige oplossing

Wat is der te rêden mei de lêste trije tunnels dy't yn de N359 tusken Boalsert en Wommels tasein binne? De FNP wol dat deputearre Poepjes Provinsjale Steaten streekrjocht op de hichte stelt fan de tûkelteammen mei plenning en finânsjes. De FNP hat skriftlike fragen steld oan Deputearre Steaten oer de kwestje.

Wurdfierder Klaas Fokkinga fan de FNP wol útlis oer de fertraging by de oanlis fan taseine tunnels yn de krusingen Boalsert-Noard, Wommels-Noard en Burchwert. Hy fernuveret him der oer dat de Steaten út de krante en fan wethâlders hearre moatte dat der problemen binne. Fokkinga freget om de ynhâldlike oarsaken foar de finansjele oerskrieding lykas dy summier yn de provinsjale Jierrekken 2016 suggerearre wurdt.

 

Fokkinga: ‘De FNP wol der fan op oan kinne dat der hoe dan ek trije ûngelykflierse krusingen komme. Dêr is ein 2014 yn de Steaten om frege mei in moasje en it is tasein oan de streek. Der hat maatskiplik en polityk in soad om te dwaan west.' Yn 2015 is 12 miljoen beskikber steld. De fraach is no oft de foarsjoene mearkosten opfongen wurde kinne binnen it rinnende projekt, of dat de deputearre werom moat nei de Steaten om jild. It wurk soe yn 2018 begjinne; de fraach is no oft dat noch wol realistysk is.


Oanhingsel(s):
FNP skriftlike fragen trije tunnels N359 Westergoawei
Krusing Wommels
Antwurd op FNP fragen trije tunnels N359 Westergoawei


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling