FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

FNP wurkbesite Thialf - Centrum Topsport en Onderwijs

De FNP Steatefraksje en de FNP Hearrenfean hiene de primeur om as politike partij op wurkbesite te gean nei it nije ferboude Thialf op it Hearrenfean. De FNP’ers waarden ûntfongen troch de hearen Evert Jorritsma en Willem Veldman fan it CTO (Centrum voor Topsport en Onderwijs).

Provinsjale Steaten Fryslân hat mei betelle oan de nije akkommodaasje Thialf en is foar in grut part oandielhâlder. Reden genôch foar de FNP om ien en oar ris fan tichteby te besjen.

Nei in rûnlieding troch de hiele hal krigen de FNP’ers in wiidweidige presintaasje oer it CTO, mar ek oer Topsport Noord. Hja stimulearje de talintfolle jeugd safolle mooglik om topsport te beoefenjen mar tagelyk ek harren oplieding op eigen nivo mei goed gefolch dien te meitsjen. Yn de mienskip op it Hearrenfean en yn Thialf binne de kondysjes hjir poer geskikt foar.

De FNP is tige optein oer it berikte resultaat. Net allinnich foar it Hearrenfean mar foar hiel Fryslân. Lykas steatefraksjefoarsitter FNP Corlienke de Jong nei de tiid sei: “Dit is Fryslân op syn bêst!”


Oanhingsel(s):
Thialf


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling