FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

FNP: bliid foar bewenners Noarderdwersstrjitte Grou

‘Tige bliid en moai dat dit no meiinoar lang om let klear kaam is'. Dat is de reaksje fan de FNP Steatefraksje op it nijs dat der in oplossing berikt is foar de eigners fan wenningen mei pealrot oan de Noarderdwersstrjitte yn Grou.

FNP wurdfierder Klaas Fokkinga referearret oan de jierrenlange striid dy't bewenners en polityk fierd hawwe om it safier te krijen. ‘No't it brief fan de Provinsje oer in subsydzje foar de lêste € 160.000 der leit blykt mar wer dat de oanhâlder wint. De folsleine weropbou fan de wenten is wier de bêste oplossing. Sa is der konform de moasje yn de Steaten fan 20 maaie 2015 wer in wenperspektyf foar de eigners. Men kin no meiinoar wer fierder mei syn plannen foar de takomst sûnder de soargen oer de eigen wenning.'

 

Lês ek it artikel yn de Grouster: https://degrouster.nl/item/bijna-1-3-miljoen-voor-noorderdwarsstraat 


Oanhingsel(s):
Sloop Noarderdwersstrjitte Grou


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling