FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

Legere tariven Liander foar sportklups en konsuminten

Nei de oergong fan Enexis nei Liander is it taryf mei wol 21% omheech gien. Maatskiplike organisaasjes lykas sportklups komme hjirtroch finansjeel yn de knipe.

De Provinsje Fryslân moat Alliander/Liander oansprekke op de hege tariven dy't sportklups en konsuminten betelje moatte foar harren stroomoansluting. Dat docht bliken út skriftlike fragen fan de FNP oan deputearre De Rouwe.

  

Nei de oergong fan Enexis nei Liander is it taryf mei wol 21% omheech gien. Maatskiplike organisaasjes lykas sportklups komme hjirtroch finansjeel yn de knipe. Provinsjale Steaten fan Fryslân hawwe in brief krigen mei in needgjalp. FNP wurdfierder Sybren Posthumus wol no fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten (DS) witte oft de Provinsje as oandielhâlder fan Alliander/Liander de netwurkbehearder hjir op oansprekke wol by de earstfolgjende gearkomste fan oandielhâlders.

 

Posthumus: ‘Der is ús by de útruil fan it netwurk yn Fryslân tusken Enexis en Liander yn 2015 foarspegele dat de tariven troch ‘effinsjensy' mei 4% omleech koene. Ik wol witte wat dêr fan op'e hispel kommen is. Hoe it is mooglik dat in oar netwurkbedriuw ta in priisstiging fan 21% liede kin? Komt dat echt troch gemeentlike precariobelestingen op kabels en liedingen yn oare gemeenten, sa't Liander seit? Of wurdt der gewoan ûnnedich jild oppotten yn de reserves fan Liander? Hoe dan ek, wy wolle net dat dit allegear ten koste giet fan sportklups, oare maatskiplike organisaasjes en konsuminten. Wy wolle dat sportklups wer positive enerzjy fan Alliander krije!' 


Oanhingsel(s):
FNP skriftlike fragen tariven Liander
Stroomoansluting
Antwurd op FNP fragen tariven Liander


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling