FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs

FNP komt mei moasje ‘It Bildts as erkende streektaal'

Mei de moasje wolle de yntsjinners de Bilkerts in hert ûnder de riem stekke dy't beskerming, erkenning en aksje fan de oerheid freegje foar har taal en identiteit.

Yn Provinsjale Steaten fan 15 febrewaris komt de FNP mei in moasje ‘It Bildts as erkende streektaal'. Mei de moasje wolle de yntsjinners de Bilkerts in hert ûnder de riem stekke dy't beskerming, erkenning en aksje fan de oerheid freegje foar har taal en identiteit.

  

FNP wurdfierder Corlienke de Jong wiist derop dat it Bildtsk as streektaal it meast manifeste elemint is fan in sterk fielde lokale Bildtske identiteit. ‘Wy stypje de Bilkers yn it stribjen nei erkenning en sjogge ek wol it risiko dat it Biltsk aanst ûndersnijt yn de nije grutte gemeente Waadhoeke nei de fusy op 1 jannewaris 2018. Benammen ek yn it ûnderwiis.'

 

De Jong: ‘Dêrom is it no saak om dingen yn it foar goed te regeljen. It Bildtsk hat al in erkenning krigen as streektaal yn it Provinsjaal belied. Mar it soe goed wêze dat de Bilkerts ek in posysje krije yn it Europeesk Hânfêst foar lytse talen, en yn it nije gemeentlike taalbeliedsplan, dat no opsteld wurde moat yn ferbân mei de fusy.'

 

De petysje fan Stichting Bildts Aigene hat mei 1300 handtekeningen neffens de lokale ferhâldingen in soad stipe krigen. Dêrom is it spitich dat de minister en de Twadde Keamer fierder gjin aksje ûndernimme. ‘Mar wy hâlde oan as storein en jouwe in dúdlik sinjaal as Steaten fan Fryslân', sa seit de FNP.


Oanhingsel(s):
Moasje It Bildts as erkende streektaal
Maisy
2018-03-13 Brief DS erkenning Biltsk


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling