FNP Fryslân
Provinsjale Steaten - Nijs
16-11-2018 - FNP: rappe oanpak krusing N357 Hallum
De FNP is fan miening dat der gau definitive dúdlikheid komme moat oer de oanpak fan de krusing tusken de Doniawei en de N357 yn Hallum. Dat stelt de FNP yn skriftlike fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten. Dêrneist wol de FNP dat net allinnich doarpsbelang en de ynwenners belutsen wurde by de oanpak, mar ek de ûndernimmers op it bedriuweterrein. Dat fanwegen de foarm, grutte en hichte fan in mooglike rotonde op dat plak.

14-11-2018 - FNP: Ferheging kosten skûtsjesilen en waadrinnen liket op fleanen
De FNP wol net dat dielnimmers oan it skûtsjesilen en waadrinners folle mear kosten foar de kiezzen krije. Dat sil de FNP op 28 novimber ynbringe by in gearkomste fan de Steaten fan Fryslân. It Kolleezje fan DS stelt út om it skûtsjesilen 100 prosint hegere tariven yn rekken te bringen foar it gebrûk fan it farwetter. De waadrinners wurde yn guon gefallen ek hegere leges yn rekken brocht.

12-11-2018 - FNP: stipe foar seebad yn Harns en mear ynsette op enerzjybesparring
De FNP sil woansdei 14 novimber by de begrutting 2019 fan de provinsje Fryslân in pleit hâlde foar in seeswimbad by Harns. Yn dy stêd binne plannen om by it besteande strân in goed plak te kreearjen dêr’t ek swommen wurde kin. No is it noch in modderpoel. De FNP is fan miening dat in seeswimplak foar ynwenners én toeristen in grutte mearwearde opleveret.

04-11-2018 - FNP: Kreative oplossingen betinke foar tekoart oan soarchpersoaniel plattelân
De FNP hat kundskip naam fan it berjocht op Omrop Fryslân dat guon soarchynstellings op it plattelân minder maklik oan persoaniel komme kinne. Ut de berjochten docht bliken dat benammen it ferfier fan it wenplak fan mooglike persoanielsleden, dat meastentiids yn de stêden is, nei de de soarchynstellings op it plattelân in knipepunt is.

25-10-2018 - FNP: mear foech is better foar Fryslân
Ljouwert – De FNP is fan betinken dat Fryslân folle mear sizzenskip krije moat omdat dat in soad foardielen foar de ynwenners fan Fryslân opsmyt. Dat docht bliken út de FNP-takomstfisy ‘Fryslân sels oan it roer’ dy’t op 24 oktober presintearre is.

24-10-2018 - FNP: Soargen oer ferplichte asbestsanearing Fryslân
Fan út de media hat de FNP fernaam dat de Twadde Keamer besluten hat dat alle asbest op dakken yn Nederlân, dus ek yn Fryslân, per 31 desimber 2024 saneard wêze moat. Der is yn de Twadde Keamer ynstimd mei dit wetsfoarstel. De FNP Steatefraksje hat hjirop skriftlike fragen oan Deputearre Steaten steld.

20-10-2018 - FNP: Grutte soarch oer takomst sikehuzen Fryslân
De fraksje fan de FNP hat begrepen dat der ûnrêst is by sikehuzen yn Fryslân, te witten dy fan Drachten, It Hearrenfean, Snits en de poliklinyk fan Dokkum. Dy ûnrêst spilet ek by de pasjinten dy't gebrûk meitsje fan de neamde sikehuzen. De FNP Steatefraksje komt op kommende 31 oktober by de Steategearkomste mei mûnlinge fragen oan Deputearre Steaten.

17-10-2018 - Fryslân: Behâld húske Waling Dykstra Holwert
De fraksje fan de FNP wol dat it eardere húske fan Frysk skriuwer Waling Dykstra (ferstoarn yn 1914), dat yn Holwert stiet, bewarre bliuwt. De lytse wenning stiet noch hieltyd te keap en ferrinnewearret allinnich mar. De partij komt mei skriftlike fragen nei Deputearre Steaten foar behâld fan dit fertutearze húske.

01-10-2018 - Fryslân kin hiel bêst sûnder ekstra wyn op lân
Fryslân kin fossylfrij wurde sûnder mear wynmûnen op it lân. Benammen mei geotermy kinne wy yn de takomst grutte stappen sette op it mêd fan duorsumens.

20-09-2018 - FNP: stipe foar doarpshuzen trochsette
De fraksje fan de FNP wol dat de provinsjale stipe foar de Fryske doarpshuzen trochgiet. De partij komt yn de Steaten mei in útstel foar in ‘doarpshuzenregeling 2.0' foar de kommende Steateperioade. Ek it Iepen Mienskipsfûns en it wurk fan Doarpswurk draacht de FNP in waarm hert ta.

14-09-2018 - FNP fragen oer ferbetterjen Taalkado
De Steatefraksje fan de FNP stelt fragen oan deputearre Poepjes oer it Taalkado foar jonge Fryske âlders en harren bern. Hoe sil it Taalkado fierder ferbettere wurde? Oanleiding binne de oanbefellingen fan twa ûndersiken nei it Taalkado en de taal yn Fryslân dy't okkerdeis ferskynden.

06-08-2018 - Wynturbines Nij Hiddum-Houw en Iselmar
Is it wynpark Nij Hiddum-Houw oerstallich no't it Wynpark Fryslân yn de Iselmar folle mear kapasiteit krijt?

20-06-2018 - Steatefragen oer feiligens nije brêge Dronryp
Omwenjenden yn Dronryp hawwe soargen oer ûnfeilige situaasjes by de nije brêge oer it Van Harinxmakanaal. It wurk sil ynkoarten útein sette. Benammen de steile helling yn it ûntwerp ropt beswieren op. De Steatefraksje stelt skriftlike fragen oan deputearre Poepjes oer de kwestje.

18-05-2018 - FNP: mear ynvestearrings troch Waadfûns
De FNP wol dat it Waadfûns alle jierren € 10 miljoen mear ynvestearret yn projekten. Dat om foar te kommen dat nei 2026 jild werom moat nei it Ryk.

11-05-2018 - Fragen oer ôffalprobleem ôfdankte molewjukken
De Steatefraksje fan de FNP stelt fragen oan deputearre Schrier fan miljeu oer it skealike komposyt ôffal fan ôfdankte wjukkken fan wynturbines.

10-05-2018 - Fragen oer de sâltwinning yn Fryslân
FNP, SP, GL en PvdD meitsje har soargen oer lekkaazjes en skea troch de sâltwinning. Oanlieding om fragen te stellen. Yn Grinslân jildt no ekstra tafersjoch op de sâltwinning. Hoe sit dat yn Fryslân?

28-03-2018 - Fragen yn Steaten - Oergong gasputten fan NAM nei Vermilion
Wopke Veenstra: geane de ôfspraken mei de regio oer de gaswinning fan de NAM ien op ien oer nei Vermilion?

27-03-2018 - FNP en CDA: brûk tafaller Ofslútdyk foar ferbreedzjen slûs Koarnwertersân
Okkerdeis die bliken dat der in tafaller is fan 81 miljoen by de oanbesteging fan it wurk oan de Ofslútdyk. Steateleden Johan Tjalsma (CDA) en Klaas Fokkinga (FNP) tsjinje in moasje yn.

26-03-2018 - Jild Waadfûns behâlde foar de regio
Jild fan it Waadfûns moat ek nei 2026 beskikber bliuwe foar de regio. Dat fynt de FNP yn Provinsjale Steaten. Steatelid Wopke Veenstra komt mei in moasje hjiroer yn de gearkomste fan 28 maart.

12-03-2018 - Lit dy gjin Haachske dreamen oansmarre
It kabinet hat in tal 'swiergewichten' ynset om mei de hjoeddeistige minister fan EZ in plan te ûntwikkeljen foar de reduksje fan it CO2-nivo. Derby fertsjintwurdigers fan de yndustry, lânbou, bedriuwslibben en út de politike partijen VVD, GroenLinks en PvdA. In opmerklike kar mei in heech Rânestêd-gehalte. Krekt by de neamde partijen is op lannelik nivo de lêste desennia kwalik fisy ûntwikkele en al hielendal gjin blikferbreding dy't perfoarst nedich is foar in sûne enerzjy-takomst.

23-02-2018 - 24 febrewaris - Manifestaasje tsjin gaswinning yn Grinslân en Fryslân
Om in sterke fûst te meitsjen tsjin gaswinning en de skealike gefolgen hjirfan organisearje de gearwurkjende regionale OSF-partijen FNP, Groninger Belang en Partij voor het Noorden in manifestaasje.

19-02-2018 - Gjin gegriem yn Fryske grûn mei kearnôffal
De FNP hat noed dat it Ryk de opslach fan kearnôffal yn Fryslân trochsette wol. De partij wol dat de provinsje fêsthâldt oan it Streekplan. Dêr stiet dat wy gjin opslach fan kearnôffal, CO2 of oare frjemde stoffen yn de Fryske boaiem wolle. Steatelid Wopke Veenstra stelt mûnlinge fragen oer de kwestje yn Provinsjale Steaten fan 21 febrewaris.

12-02-2018 - Neilittenskip LF2018 - foarby de eveneminten
Opinystik fan Corlienke de Jong en Sybren Posthumus - Kulturele haadstêd 2018 is brûzjend úteinsetten. It liket dus in grut súkses te wurden, mar hoe komt it nei 2018?

05-02-2018 - FNP: fergees belje nei ‘Jobinder'
De FNP is fan miening dat it foar de klanten fan ‘Jobinder' fergees wêze moat om dêr hinne te beljen. Dat sil de FNP nei foaren bringe yn de Steategearkomste fan 21 febrewaris. No betelje minsken noch € 0,05 it petear, de FNP wol dat it foar dizze groep klanten hielendal fergees wurdt.

03-02-2018 - Lanlike regeljouwing sirkulêre ekonomy foar Fryslân oanpasse
Binne de lanlike regels foar de Fryske sirkulêre ekonomy te ferminderjen of te feroarjen foar bygelyks Skiermûntseach en oare eilannen? Hoe stiet it mei de lobby nei Den Haach om fan Fryslân in ‘sirkulêre proeftún' te meitsjen op it mêd fan sirkulêre ekonomy? Dat freget de FNP Steatefraksje har ôf en stelt hjir skriftlike fragen oer oan Deputearre Steaten.

25-01-2018 - Faasje mei maatregels pealrot en fundearringsskea
Mear faasje yn it feangreideprogramma mei maatregels tsjin de pealrot, en gau in bettere skearegeling foar partikulieren. Dêroer is yn Provinsjale Steaten mei in grutte mearderheid in moasje fan de FNP oannommen.

23-01-2018 - Undersyk effekt gebrûk keunstdong op feangreide
Is it foar de CO2-reduksje better om organyske dong te brûken op feangrûn yn stee fan keunstdong? De FNP wol dizze fraach wittenskiplik beäntwurdzje kinne en freget dêrom in ûndersyk mei in moasje yn Provinsjale Steaten.

10-01-2018 - FNP: wat betsjut ‘maximale vermindering' gaswinning Grinslân foar Fryslân?
Binne der neist De Pein noch mear yllegale gaswinningen yn Fryslân? Dat wie de fraach dy't de FNP stelde yn de Steaten fan 27 septimber. Wat is it gefolch foar Fryslân fan de ‘maximale vermindering' fan de gaswinning út it Grinzer fjild dêr't minister Wiebes oer praat nei oanlieding fan de resinte ierdbeving? De partij lûkt mei skriftlike fragen by deputearre Schrier oan de belle.

19-12-2017 - FNP: fragen oer nije fertraging breedbân ynternet
Nei oanlieding fan berjochten op de sites fan Telecompaper en VerbindDrenthe wol de FNP witte oft it kloppet dat de oanlis fan fluch ynternet yn Fryslân opnij fertraging oprint

19-11-2017 - FNP: kompinsaasje BTW-ferheging op drinkwetter fia fermogen Vitens
Drinkwetter is in earste libbensferlet en moat foar alle ynwenners fan Fryslân betelber bliuwe. It nije kabinet is no fan doel de BTW op earste libbenferlet te ferheegjen fan 6% nei 9%. De FNP wol dat neigongen wurdt oft it fermogen fan Vitens - leafst € 526 miljoen - brûkt wurde kin om dy BTW-ferheging te kompinsearjen.

16-11-2017 - FNP fragen oer takomst soarchfersekerder ‘De Friesland'
Wat binne de gefolgen foar it provinsjaal belied no't soarchfersekerder De Friesland as selsstannich bedriuw ferdwynt? De Steatefraksje fan de FNP stelt hjiroer fragen oan Deputearre Steaten. Beslissingsfoech en wurkgelegenheid moatte yn Ljouwert bliuwe, fynt de partij.

07-11-2017 - FNP: mear ynsette op geotermy
De FNP sil kommende woansdei yn de Steategearkomste pleitsje foar mear ynset op geotermy yn Fryslân. Neffens berekkenings fan de TU Twente kin geotermy yn 2050 soargje foar sa'n 25% fan de takomstige enerzjy-opbringst yn Fryslân

06-11-2017 - FNP: ophâlde mei gemyske bestridingsmiddels
De Provinsje moat it goede foarbyld jaan en ophâlde mei it gebrûk fan omstriden gemyske bestridingsmiddels lykas glyfosaat (RoundUp). Dat stelt de provinsjale fraksje fan de FNP yn mûnlinge fragen oan Deputearre Steaten.

02-11-2017 - FNP Waadhoeke met de statefraksy op rais
De raadsleden fan nou nag Frije Bilkerts en FNP-ofdelings hewwe met de statefraksy fan de FNP woensdeg 1 novimber met 'n Amerikaanse skoalbus 'n rais deur de dorpen in aansen de nije gemeente Waddenhoek maakt.

30-10-2017 - FNP optein oer mooglikheid selsfoarsjenning enerzjy yn 2050
De FNP is tige tefreden oer de útkomsten fan de ynternasjonale enerzjykonferinsje dit wykein yn Ljouwert. De konferinsje, yn gearwurking mei de EFA en de OSF, wie hielendal folboekt. Ien fan de útkomsten wie dat Fryslân neffens ûndersyk fan de TU Twente om 2050 selsfoarsjennend wêze kin mei duorsume enerzjy. De Sustainable Energy Conference (SEC 2017) wie op 27 en 28 oktober.

18-10-2017 - FNP wol legere behearskosten Frysk finansieringsfûns FOM
De FNP wol dat de organisaasje dy’t skielk it behear docht fan de Fryske ûntwikkelingsmaatskippij (de FOM) in legere fergoeding krijt fan de provinsje Fryslân. Ynstee fan maksimaal 5% oer it ynleine fermogen moat der in fergoeding fan maksimaal 3% wêze. De Steatefraksje fan de FNP bringt dat woansdei yn in moasje nei foaren.

11-10-2017 - FNP stelt fragen oer tekoart oan húsdokters
Nei oanlieding fan in berjocht yn de LC fan 4 oktober oer it tekoart oan húsdokters yn Ljouwert en ynkoarten yn hiel Fryslân, stelt de FNP skriftlike fragen oan it kolleezje. It liket der op dat, as it kolleezje gjin aksje ûndernimt, op ferskate plakken yn Fryslân op koarte termyn gjin húsdokterssoarch mear foarhannen is. De FNP sprekt har noed en soarch hjir oer út en ropt it kolleezje op it sinjaal, wat ôfjûn is om Fryslân te promoaten om foldwaande húsdokters te hâlden, daliks op te pakken.

22-09-2017 - FNP fragen oer befoardering Fryske Literatuer
Wurdt it literêre fjild no belutsen by takomstige promoasje fan Fryske boeken? Hoe stiet it mei it plan fan de Afûk foar in nij promoasje- en ferkeapplan? Komt der noch wer in Frysk boekefeest? De Steatefraksje fan de FNP stelt hjir skriftlike fragen oer oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

15-09-2017 - FNP: fragen oer stedsstrân Ljouwert
Wat is it effekt fan de provinsjale subsydzje foar it stedsstrân fan Ljouwert? En hoe stiet it no echt mei de wetterkwaliteit fan de Potmarge? De Steatefraksje fan de FNP stelt hjir skriftlike fragen oer oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

01-09-2017 - Fyzje nedich op in duorsum enerzjybelied
Klaas Fokkinga en Henk de Vries - De provinsje Fryslân arbeidet mei ferskate gemeenten oan in ‘Fryske enerzjy stratezjy'. In poerbêst plan om taret te wêzen op de jierren nei 2020. Mar der is mear nedich foar in duorsum enerzjybelied.

14-08-2017 - FNP: Brok nei topoerlis Friesenbrücke yn stee fan Paas?
Lit de Fryske kommissaris fan de Kening Brok oanskowe by it topoerlis 28 augustus yn Bonn oer it weropbouwen fan de Friezenbrücke oer de Ems. Dat stelt de FNP út no't it der op liket dat de Grinzer kommissaris Paas net beskikber is dy deis fanwegen de fiering fan Gronings Ontzet.

21-07-2017 - Kâns net slûpe litte op oankeap natuergrûn Achtkarspelen
De Provinsje moat syn foarrangsposysje opeaskje by de oankeap fan perselen foar nije natuer yn Achtkarspelen-Súd. Dat wol steatelid Wopke Veenstra fan de FNP berikke mei skriftlike fragen oan Deputearre Steaten. Oanlieding is de frije ferkeap fan oerbleaune perselen yn it gebiet troch it Ryk .

19-07-2017 - Hannen ôf fan Schilkampen
De FNP en de Partij voor de Dieren wolle net dat der in fargeul dwers troch natuergebiet Schilkampen yn Ljouwert oanlein wurdt. In gebiet hat in grutte rykdom fan fûgelsoarten en der húsmannet in grutte koloanje fan briedende kobben (kokmeeuw). Dat makket it gebiet unyk yn de stêd.

14-07-2017 - FNP wol opbringsten ferkearskontrôles brûke foar ferbetterjen feiligens
De FNP wol dat it jild dat fertsjinne wurdt mei trajektkontrôles en flitspeallen op provinsjale Fryske diken net ferdwynt nei Den Haach. Yn de eagen fan de FNP soenen de opbringsten fan dy ferkearskontrôles krekt ynvestearre wurde moatte yn de feiligens fan de eigen provinsjale wegen. De systematyk om mei ferkearskontrôles de steatskas te spekken moat ophâlde, fynt de Steatefraksje.

11-07-2017 - FNP: ynternasjonale oanpak guozzeskea
De oanpak fan de guozzeskea moat op de lange termyn komme troch ynternasjonale gearwurking. Spesifike maatregels foar de winterguozzen binne dêrby foar Fryslân it wichtichste. Dat stelt de fraksje fan de FNP mei in moasje yn Provinsjale Steaten.

26-06-2017 - Steatefraksje FNP komt mei moasje stipe Alde Fryske Tsjerken
De Stifting bepleitet al jierren om de subsydzje meigroeie te litten mei it tal tsjerken, leit direkteur Gerhard Bakker út. "It tal tsjerken is mei 25% groeid, mar de subsydzje is gelyk bleaun. Dat begjint hieltyd mear te knipen. Wy binne dan ek bliid mei it inisjatyf fan de FNP."

22-05-2017 - FNP wol opheldering oer tekoart 11 miljoen Waddenglas
De FNP is der min oer te sprekken dat sa’n grut tekoart yn in bylage by de Jierrekken fermeld wurdt. Benammen ek as sjoen wurdt nei de grutte fan it bedrach. ‘Wie de ynformaasje net earder bekend by it Kolleezje fan DS?

11-05-2017 - Minder rompslomp foar subsydzjes biologyske lânbou
De biologyske en grûnbûne lânbou moat net minder kâns meitsje op Europeeske subsyzjes as ‘gongbere' oanfragen, sa stelt de FNP. De Steatefraksje hat oanwizingen dat dit net goed rint mei de saneamde POP-3 jilden fia it SNN. De fraksje wol middels skriftlike fragen opheldering fan deputearre Kramer.

09-05-2017 - Corlienke de Jong: ‘Soad binnen helle foar FNP by Kadernota'
De Steatefraksje fan de FNP is dik tefreden oer de provinsjale Kadernota foar de Begrutting 2018 dy't hjoed presintearre is. In soad fan de punten dy't de FNP ynbrocht hat kinne no fersulvere wurde.

08-05-2017 - FNP: N359 Westergoawei fertsjinnet feilige oplossing
Wat is der te rêden mei de lêste trije tunnels dy't yn de N359 tusken Boalsert en Wommels tasein binne? De FNP wol dat deputearre Poepjes Provinsjale Steaten streekrjocht op de hichte stelt fan de tûkelteammen mei plenning en finânsjes. De FNP hat skriftlike fragen steld oan Deputearre Steaten oer de kwestje.

03-05-2017 - FNP: meartalich ûnderwiis berikber en beskikber meitsje
Kin goed meartalich ûnderwiis berikber en beskikber makke wurde yn ús provinsje? Dat freget de Steatefraksje fan de FNP nei oanlieding fan de spriedingsplannen dêr't skoallen en oerheden op it stuit oan wurkje.

Argyf





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling