FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Skiednis fan de FNP

Fryslân en de FNP - Skiednis en takomst

Mear witte oer de Skiednis fan de FNP ?

 

Yn 2003 is de folgjende titel útkaam, te lien by de bibleteek of te keap op it Partijhûs fan de FNP :

 

Huisman, Kerst - Tusken Fryske dream en Nederlânske macht - fjirtich jier Fryske Nasjonale Partij - Ljouwert 2003.  390 pp., registers, ferwizing nei fierdere literatuer en boarnen.

 

fryske dream 

 

Of bestel de FNP film op DVD mei Nederlânsktalige, Ingelske en Dútske ûndertitels.



 

Skiednis

Lytse folken sûnder steat falle wei yn ‘de fâlden fan de skiednis'. Dat is ek it gefal mei de Friezen. Har ferline liket grutter as har takomst. Dat ferklearret wêrom't hja sa gau en sa'n soad weromsjogge, en harren identiteit leafst út it ferline helje. De FNP docht dat perfoarst net. De FNP wol de Fryske identiteit yn 'e takomst stal jaan. Net bewarje, mar aktyf stal jaan yn in oare maatskippij as dy fan ús foarâlden. Mar wy ûntstride net dat de woartels fan dy Fryske identiteit yn it ferline lizze. En dat it ferline ús noch altyd wat leare kin. Dêrom moatte wy ús ferline kenne, ear't wy de takomst yngean kinne.

 

Alde Friezen

De Friezen hawwe har sa'n 500 jier foar Kristus fêstige op de fruchtbere kwelders by de Noardsee lâns tusken de Iems (Emden) en de Rijn (Katwyk). Hja wiene wierskynlik ôfkomstich fan de hegere sângrûnen, want dy wiene nei hûnderten jierren fan lânbou folslein útrûpele. It hjoeddeistige Noard-Hollân (foar in part noch altiten West-Fryslân neamd), Fryslân en Grinslân wienen mei-inoar it âldste Fryske stamlân. Al gau nei it begjin fan 'e jiertelling meitsje de Romeinen dizze Friezen skatplichtich, mar Rome koe hjir gjin bliuwende besetting hanthavenje. Oan de ein fan de Romeinske tiid tsjogge de Angelen en Saksen by de Noardsee lâns nei Ingelân, wat grif in soad ynfloed hân hat op de doetiidske bewenners fan Fryslân. Nei it jier 500 binne de Friezen net langer mear in stam, mar in steat ûnder in keningskip. Hja wreidzje har dan súdlik út oer Súd-Hollân en Seelân nei it Swin by Brugge. Noardlik giet de útwreiding oer wat no East-Fryslân hjit nei de Wezer (Bremen) en letter noch fierder by de kust lâns oant yn Denemarken ta, dêr't no noch altiten Noard-Fryslân mei syn aparte Noard-Fryske dialekten leit.

 

Underwerping en dochs frijheid

Dat grutte Fryslân wie in heidenske steat. De kristlike Franken besochten it te ûnderwerpen en te bekearen. It iene stie net los fan it oare. Bonifatius waard dêrom net allinne as kristlik sindeling sjoen, mar ek as diplomaat fan it fijannige ryk fan de Franken. Al moast hysels belies jaan, syn leauwen en de Frankyske macht wienen net te kearen. Yn 'e rin fan 'e 8ste ieu waard Fryslân dan ek kristlik en diel fan it grutte Frankeryk. It bleau in ienheid, ek al gong it Fryske suden (Hollân en Seelân) ferlern. Mar West-Fryslân, ús hjoeddeistige Fryslân, Grinslân en East-Fryslân koene har betreklike selsstannigens nei de tiid fan de Noarmannen wer útbouwe en mear as dat: dit Fryslân waard de West-Europeeske hannelsnaasje fan it earste plan, in foarrinder fan de lettere Hanze. Letter sakke dit Fryslân wer wat werom en beskerme troch see, wetter en sompige feanen koe it feodalisme yn syn wreedste foarm oan Fryslân foarbygean. De Fryske frijheid hâlde yn, dat hjir in âld rjochtsstelsel yn wêzen bleau, dat frije boeren beskerme tsjin de adel. Hjir ferdigenen de boeren harsels en har lân en wiene hja de ‘beskerming' troch in adellike allinnehearskippij net nedich.
Ek stêden koene yn dy boeremienskip net útgroeie en bleaune meast oerslachplakken foar de hannel yn lânbouprodukten en fee. Fryslân wie sa in unike demokrasy yn de midsieuwen doe't oeral oars grutte machtsferskillen en twang fan boppe-ôf it libben bepaalden. Dy, wat wol neamd is, ‘federaasje fan boere-republiken fan de sân Fryske seelannen' hie eigen rjocht, dat noch gâns Aldgermaanske eleminten befette. De tiden wiene noch net ryp foar sa'n demokrasy. Men tocht sels dat it yn striid wie mei de godlike oarder fan de maatskippij, dêr't neffens sizzen en leauwen God sels kening en adel oan it haad fan steat en maatskippij steld hie. Soks hie sels in wiere krústocht tsjin de Friezen ta gefolch. Ferskate hege hearen mienden rjocht te hawwen op de oppermacht yn Fryslân. De greven fan Hollân bygelyks. Dy slaggen deryn en anneksearje om 1300 hinne West-Fryslân. Hja koene ek parten fan it hjoeddeistige Fryslân besette, mar noait langer as foar in pear jier. By ien sa'n oanfal waard yn 1345 de greve Willem IV mei in soad Hollânske en Henegouske ridders ferslein. Dy slach wurdt noch alle jierren by Warns betocht.

 

Ferlies fan ûnôfhinklikheid

Dan reitsje de Friezen ûnderling deilis. Guon (de saneamde Fetkeapers) wolle tanadering ta bûtenlânske machten en oaren (de Skieringers) wolle de saken yn eigen hân hâlde. Dat skept in ideale situaasje om de Friezen fan bûtenôf tsjininoar út te spyljen en al gau is de yn earste oanlis ekonomyske belangetsjinstelling ferwurden ta in fete tusken famyljes dy't inoar mei bûtenlânske help besykje út te skeakeljen.
Lykwols hawwe de Hollânske greven nei tsientallen fjildtochten ein fyftjinde ieu har nocht. Hja ferkeapje dan har ‘rjochten' op Fryslân oan ien fan de rykste en ynfloedrykste lju fan dy tiid: Albrecht, hartoch fan Saksen. It slagge him en nim yn 1498 de macht oer.
Mar de Friezen bliuwe opstannich (dat wie de tiid fan Grutte Pier en Jancko Douwama!) en yn 1515 hat Albrecht syn soan George syn nocht. Hy ferkeapet Fryslân wer oan de Dútske keizer Maximiliaan.
Koart dêrop komme Grinslân en Fryslân as twa autonome provinsjes yn it grutte ferbân fan de Nederlannen, dy't yn Brussel har haadstêd hiene. East-Fryslân hie al langer in eigen greve en bleau dêr bûten. It grutte Fryslân lei útelkoar. Underwilens waard oeral yn de âlde Fryske lannen mei it eigen Fryske rjocht ek de eigen Fryske taal as offisjele amtlike taal ôfskaft en troch it Nederdútsk ferfongen. Dat wie de nije taal fan de nije amtners dy't fan it suden út oarder op saken stelle moasten yn ús lannen. Dy oarder koe lykwols gjin feodale mear wêze, want de Midsieuwen wiene oer.

 

Gewestlike ûnôfhinklikheid

Yn 1579 kamen de Nederlannen yn opstân. It Noarden slagge deryn him ôf te skieden as Republyk fan de Feriene Nederlannen. Fryslân en Grinslân dogge mei as autonome gewesten yn dat nije steatsferbân. De dielnimmende gewesten krigen grutte selsstannigens.
Eigen rjochtspraak en eigen belestingheffing, eigen plysje en in eigen legerke. Allinnich oan de sintrale kas moast in bydrage foar de mienskiplike ferdigening betelle wurde. Fryslân wie betreklik ryk, dat it koe in soad betelje en krige navenant ynfloed yn de saken fan 'e Nederlânske steat. As sadanich stie it yn macht fuort efter Hollân en Seelân en foar alle oare lânsprovinsjes. Spitigernôch hat dy nije autonomy net laat ta in weroplibjen fan de Fryske taal en kultuer. De machthawwers yn Fryslân wiene net mear allegear fan Fryske komôf. Sûnt de midden fan 'e 16de ieu hiene hja it Frysk al ôfskaft en boppedat wie it Nederlânsk in nije en moderne taal, dy't yn 'e Steatebibel syn standertfoarm krigen hie en sa alle Nederlânske gewesten as medium ferbine koe.
Foar it Frysk bleau der al in literêr plakje frij. As gjin oar hat de 17de ieuske Boalserter dichter Gysbert Japicx dat ynfolle. Sa hat hy de fakkel fan 'e taal fierder trochjûn. Sûnder him soe it Frysk as literêre taal de tiid net oerlibbe hawwe.

 

Under it sintralisme

Yn 1798 wie it dien mei de gewestlike ûnôfhinklikens. De Frânsen hiene Nederlân beset en rjochten it yn neffens Frânsk model: alle macht waard konsintrearre yn ien sintrum. Gewestlike bestjoeren mochten de yn it sintrum nommen besluten allinne útfiere. En dat sintrum waard De Haach. Nei de befrijing yn 1815 waard dat model oanhâlden. It nije Keninkryk moast in yntegrearre ienheidssteat wêze, dêr't gewestlike belangen ûnderskikt wiene oan it belang fan it gehiel. Soks heart moai, mar yn 'e praktyk wurket it gauris oars út om't it sintrum gjin neutrale en objektive ynstânsje is. It sintrum hat syn eigen belangen, mar ‘ferkeapet' dy belangen yn 'e regel as ‘algemien steatsbelang' en fersmyt de gewestlike belangen as ‘provinsjaal egoïsme'. Dat nije ‘mei-inoar ien' wie yn earste oanlis tige geunstich foar Hollân, mar net foar Fryslân. De nije steatsoarder rôp dus wjerstannen op dy't yn de provinsjale steaten fan Fryslân ta in soarte fan partijfoarming oanlieding joegen. De foarstanners fan de provinsjale ûnôfhinklikens waarden dêrby as reaksjonêr, konservatyf en sjauvinistysk sjoen. De steatsnasjonale yntegraasje-oanhingers neamden harsels foarútstribjend, mar waarden oarsom foar amtlike slaven yn tsjinst fan de Kroan útmakke. Dochs wie it net allinne in prinsipieel politike striid, it wie fansels mar krekt wêr't jo persoanlike belangen leine en wêr't jo jins maatskiplik plak en jo salaris fan krigen. De yntegraasje-oanhingers winne it pleit al rillegau en it ferset tsjin de nije oarder ferskoot dan nei it literêr-wittenskiplike mêd. Om 1830 ûntstiet in literêre oplibbing yn it ramt fan de doe yn hiel Europa hearskjende Romantyk. Werom nei it ferline, werom nei de woartels hjit it en yn de literêre sfear kin soks gjin kwea. Foaroanmannen fan de earste oere wiene de âlde Frjentsjerter heechlearaar Wassenbergh, dûmny Posthumus en de ferneamde bruorren Halbertsma.

 

De Fryske Beweging

Yn 1823 waard de earste Gysbert Japicx betinking hâlden. Yn 1844 waard it Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse oprjochte. Dat selskip fûn syn oanhing yn 'e ferljochte en liberale boargerij. Dêrby moat men jin gjin stedske boargerij foarstelle mar earder ûnderwizers en frijsinnige dûmnys fan it plattelân. Hja makken earnst mei it brûken fan it Frysk as skriuwtaal. Nei aardich wat eksperiminten kaam der úteinlik dochs in standertfoarm dy't de basis fan ús nije Fryske skriuwtaal wurden is. De nammen fan Harmen Sytstra, Jacobus van Loon en fansels de Halbertsma's binne mei dat nije begjin ferbûn. Letter yn de 19de ieu wiene dat Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen en gâns oaren.

 

De tsjerke en it Frysk

De kristliken hâlden har fier fan it Frysk. De Tale Kanaäns hie foar har it allinnerjocht en boppedat mijden hja literêre skriuwerij. Benammen doe't dat de foarm krige fan toaniel. De Fryske winterjûnenocht (kabaret en toaniel yn de doarpsherberch) koe foar harren net oars as ta sûnde liede. Pas letter yn 'e ieu komt der yn tsjerklike rûnten belangstelling foar it Frysk. Stadichoan ferdwynt it ferset tsjin it Frysk yn ‘e tsjerke. Dûmnys as Wumkes en Huismans wiene yn dy striid fan grut belang. Hja makken - mei gâns oaren - it Frysk foar Bibel- en preektaal ree.

 

Jongfriezen en oare Friezen

De Fryske Beweging wie ûnderwilens folwoeksen wurden. It wie net mear in feriening, mei heechút wat ûnderlinge en persoanlike spanningen, mar it wie in streaming wurden mei ferskate bêdingen. Mei de earder sa machtige liberale streaming wiene ek de liberale Friezen op 'e eftergrûn rekke. Ynstee dêrfan wiene der neist sosjalistyske en kristlike Friezen fan ûnderskate soarten no ek nasjonale Friezen opstien. Allegearre groepen dy't de Fryske Bewegingsidealen keppelen oan in beskate politike of godstsjinstige ideology. De sosjalist Troelstra koe sa yn dûmny Wumkes in Fryske Beweger moetsje.

 

It Fryske ideaal op it foarste plak

En der kaam wat nijs: de Fryske Beweger dy't syn Fryske ideaal net yn tsjinst fan kristendom of sosjalisme stelle woe, mar krekt oarsom it Fryske ideaal op it foarste plak sette: de Jongfries. Dy Jongfryske Mienskip wie ûnder lieding fan Douwe Kalma in keppel wylde guozzen ûnder wat hja in kloft nuete guozzen achten.
Sa organisearre it Frysk beweegjen him yn in ferskaat oan ferienings mei eigen tydskriften en gâns diskusje.

 

De moderne Fryske Beweging

De radikale Fryske Bewegers kamen troch de Dútske besetting yn ferlieding en ferlegenheid.
Om't hja it Fryske ideaal boppe-oan stelden, ek boppe de Nederlânske steat, tochten de Dútsers harren foar de nasjonaal-sosjalistyske karre spanne te kinnen. Inkelen joegen belies, mar fierders hat it hiele Fryske organisaasjelibben himsels yn de oarlochstiid opheft, om sa bûten de Dútske ynfloed te bliuwen. De kollaboraasje hat yn Fryslân leger west as oeral oars yn Nederlân. Fuort nei de oarloch koe sa de tried wer oppakt wurde.
De jonge generaasje wie praktysker en pragmatysker as de âlde en tusken de ferskate bêdingen wiene skiedslinen fan foar de oarloch yn 1945 net mear sa djip. Sa koe der as gearwurking fan alle Fryske organisaasjes in Ried fan de Fryske Beweging komme. Ynstee fan striid oer idealen en ideologyen begûn men praktyske doelen te ferwêzentlikjen. Kulturele autonomy en federalisme wie in âld ûnderwerp - dêr't de namme en it skriuwen fan Eeltsje Boates Folkertsma mei ferbûn wie - dat no yn praktyske rapporten en advizen útwurke waard. Frysk yn it ûnderwiis en Frysk foar it gerjocht waard oer neitocht en skreaun. Mar plannen wurde gjin werklikheid sûnder striid. Dy krige syn hichtepunt yn it trelit om Fedde Schurer dy't troch de rjochter feroardiele waard om syn Fryskpraten en sa in reboelje - bekend as Kneppelfreed - teweech brocht (1951). Dat gefal brocht de Fryske Beweging yn de hiele Nederlânske en sels yn 'e bûtenlânske parse. It Haachske regear moast doe wol in lyts stapke dwaan yn 'e rjochting fan de erkenning fan de Fryske taal. In prinsipiële erkenning wie it net, mar wy tankje der dochs it plak fan it Frysk yn it basisûnderwiis oan. Nei dat earste stapke folge der gjin twadden-ien.

 

De FNP

It útbliuwen fan foarútgong makke de jongere bewegers ûntefreden.
Yn 1962 rjochte in trijetal in eigen politike partij op: de FNP. Ynearsten waard dy partij as in grut gefaar foarsteld troch de âldere Fryske Bewegingslju. Hja seagen allinne politike ynfloed mooglik yn it foardiel fan Fryslân fia de lanlike partijen.
De jongerein tocht dêr oars oer, benammen doe't yn de ARP in Frysk provinsjaal program oannommen waard dat stelde dat Fryske provinsjale belangen prinsipieel ûnderskikt wurde moasten oan it Nederlânske nasjonale steatsbelang. Doe't de FNP yn 1966 foar it earst sitten krige yn de Provinsjale Steaten en de gemeenterieden skoden de oare partijen stadichoan ek wat mear de Fryske kant út om sa de FNP de wyn út de seilen te heljen. Hja setten gâns pro-Fryske stellingen yn harren programma's en dat wie per saldo winst. Mar wat ferwachte waard - dat de FNP dan wer ynsakje soe - kaam net út.
De partij groeide. Nei alle gedachten kaam dat om't bliken die dat de FNP net allinne in taalpartij wie.
De FNP ûntwikkele ek gedachten oer de útbou fan in Fryske autonomy. It federalisme wie dêrby de grûnslach. Dat federalisme seit: regelje wat lokaal is op lokaal nivo, wat regionaal is op provinsjaal nivo en wat dêr boppe-út giet op heger nivo. En wat Fryslân oanbelanget: lit Fryslân syn eigen kulturele en taalsaken beoarderje. Demokrasy fan ûnderop. De opfetting dat it regear en de amtnerij der foar de minsken binne - en net oarsom - sloech oan by de Friezen.

 

Tsjinstanners fan de FNP wolle der graach ‘allinne mar' in taalpartij fan meitsje. It sukses fan de partij lit sjen dat syn oanhing ek op wat oars ôfkomt: de ôfkear fan it burokratysk sintralisme en it fertrouwen yn ússels en yn ús eigen kinnen.
De minne útwurking fan de sintralistyske steatsoardering lit in foarbyld sjen ... yn de behanneling fan it Frysk. Us taal is noch altiten net offisjeel erkend. Yn De Haach meitsje hja der in suertsje by de boadskippen fan en besykje hja har noch altiten foar alle wetlike regelingen wei te winen. Alle stappen dy't yn Fryslân foarút dien wurde nei de lykberjochtiging en de emansipaasje fan it Frysk, wurde yn De Haach wer weromdraaid.

 

Balâns tusken ferline en takomst

Der rint in reade line fan it ferset tsjin it sintralisme út 1815 oer de heechstimde idealen fan de Jongfryske Mienskip yn 1916, nei de FNP dy't yn 1962 ferset en ideaal nei de politike praktyk brocht.
Dy tried hjit federalisme. Net om allinne de eigen belangen mar feilich te stellen. Nee, as in alternatyf foar it steatsnasjonalisme dat sa gewoan wurden is dat de Nederlanners it net iens mear as nasjonalisme fiele.
In steatsnasjonalisme dat oerlibbe is, no't Europa yn 1992 de grinzen iependien hat, de Euro der is en gâns foech yn hannen fan boppenasjonale organen leit. Der binne in soad regionale partijen yn Europa en yn it Europeeske Parlemint dy't der ek sa oer tinke.
Mei dy partijen - út Ierlân en Skotlân, Denemarken en Flaanderen, Frankryk en Itaalje, Spanje en Portugal - hat de FNP de Europeeske Frije Alliânsje (EFA) oprjochte. Op dit stuit hat de EFA 6 parlemintsleden. De parlemintariërs komme respektivelik út Skotlân (2), Wales, Baskelân/Kataloanje/Galisië (kombinaasje-parlemintslid), Flaanderen, Korsika en Letlân. De FNP brûkt dy fraksje as kanaal om foar Fryslân in plak te krijen yn de beslútfoarming op Europeesk nivo. Dat docht no al fertuten en sa'n rjochtstreekse line sil dat yn 'e takomst noch mear dwaan neigeraden de Europeeske ienheid fierder stal krijt en de macht fan De Haach lytser wurdt.

 

Sa ferbynt de FNP de Fryske tradysje en it Fryske ferline mei de Europeeske takomst. Yn dy Europeeske takomst hoecht Fryslân net wei te wurden.
Der lizze krekt nije kânsen foar Fryslân yn Europa.
De FNP sjocht tebek yn it ferline om der foar de takomst fan te learen. Dat docht de FNP mei de ynset fan syn leden. En mei de stipe fan syn kiezers - tusken de 25.000 en 30.000.






FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling