FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Oersicht kontakt

Oersicht kontakt

It Partijhûs yn Ljouwert is tiisdeis en tongersdeis iepen fan 10.00 oant 14.00 oere. De meiwurkers Aly en Tryntsje ûnder lieding fan FNP buromeiwurker Tjibbe Brinkman soargje dat de partij fasilitêr draaie kin, dogge de boekhâlding en de ledenadministraasje. Op it Partijhûs hawwe bestjoer en kommisjes ek har fêste gearkomsteplak.

 

By it partijhûs kinne jo ek promoasjemateriaal en kantoarmateriaal bestelle

foar in oersjoch sjoch hjir 

 

Kontakt mei de FNP: it Partijhûs 

Obrechtstrjitte 32

8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034

8900 VB Ljouwert
Tillefoan: 058-2131422

E: fnphus@fnp.frl

 

Steatefraksje:

058-2925803

E: fnp@fryslan.frl

     
   

FNP provinsjaal en gemeentlik 

De FNP, oprjochte yn 1962, hat likernôch 1300 leden. It is in groeiende partij yn leden en kiezers. De basis fan de organisaasje leit yn de ôfdielings, dy’t neffens de gemeentlike yndieling organisearre binne. Yn 19 fan de 27 gemeenten yn Fryslân hat de FNP in ôfdieling mei leden, in bestjoer en in fraksje. Mei elkoar binne der 58 riedsleden, 9 wethâlders, in boargemaster, in deputearre en 4 steateleden.

 

Kommisjes en Steatefraksje
Op provinsjaal nivo hat de partij in haadbestjoer mei in tal kommisjes. Sûnt 2007 is binnen de FNP de FNP-Jongerein aktyf. De jongereinaktiviteiten binne te folgjen op www.jongerein.fnp.frl/ . It haadbestjoer soarget dat de partij-organisaasje provinsjaal stal krijt en jout stipe oan de ôfdielings. De leden fan de steatefraksje ferwurdzje de politike FNP-stânpunten yn de steaten fan Fryslân. De leden fan de fraksje ha ek sitten yn de ferskate steatekommisjes. De fraksje wurdt bystien troch twa fraksjemeiwurkers.

 

FNP yn de Earste Keamer
Sûnt 1999 hat de FNP in fertsjintwurdiging yn de Earste Keamer - de OSF. Fan 2003 oant en mei 2011 wie dat âld-FNP-foarsitter en -steatelid Hindrik ten Hoeve út Stiens. Us keamerlid is no Hindrik ten Hoeve út Stiens. De OSF (- de Onafhankelijke Senaatsfraktie - is in gearwurkingsferbân fan regionale partijen yn de ferskate provinsjes yn de Senaat. Fan 2007 ôf leveret de FNP as grutste regionale partij ek de foarsitter fan de OSF.

 

FNP yn Europa

De FNP wurket yn de Europeeske politike partij EFA / Europeeske Frije Alliânsje gear mei oare regionale politike partijen yn Europa lykas de Skotten, de Welshmen en de Katalanen. Under de likernôch 40 Europeeske partners binne ek de Fryske politike partijen yn Dútslân. De EFA hat seis sitten yn it Europeesk Parlemint en foarmet mei De Groenen ien fraksje. De FNP hat as mei-oprjochter in streekrjochte sit yn it bestjoer fan de EFA.


Kontakt mei de FNP

 

Algemiene kontaktgegevens:     Provinsjale kontaktgegevens:      Gemeentlike kontaktgegevens:

Fryske Nasjonale Partij
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034

8900 VB Ljouwert
Tillefoan: 058-2131422
E-post: fnphus@fnp.frl

FNP Steatefraksje

Provinsjehûs 

Twabaksmerk 52, 8911 KZ 

Postbus 20120

8900 HM Ljouwert

Tillefoan 058-2925803
E-post: fnp@fryslan.frl

De gemeentlike adres gegevens
kinne jo fine op de ôfdielings side.






FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling