FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

Frijbûtser fan juny no online

It oanmelden fan kandidaten foar de ferkiezings fan Provinsjale Steaten maart 2019 is los. Ek foar it Wetterskip en de Earste Keamer. Yn dizze Frijbûtser mear oer de proseduere.

Digitaal of op papier? 

Yn dizze ôflevering fierder it ferslach fan de Algemiene Ledegearkomste op 25 maaie. Oan de lêzers de fraach om mei te dwaan oan in enkête oer de foarm fan de Frijbûtser. Digitaal of op papier, moat der in nije foarmjouwing komme mei mear byldmateriaal of fine jo it wol goed sa? Moat de frekwinsje omheech of moat der faker in digitale nijsbrief fan de FNP komme?

 

Steaten en Wetterskip

De Steatefraksje docht wiidweidich ferslach fan de aksjes binnen en bûten de gearkomsteseal yn april en maaie. Ut namme fan de Wetterskipsfraksje leit Jan van der Kooi út hoe't de FNP mei sukses ynfloed hie op de beslútfoarming oer de nije 'enerzjyfabryk' fan it Wetterskip.

 

Fan de leden

Corlienke de Jong docht ferslach fan in drok besocht EFA-kongres yn Landshut (Beieren), dêr't de FNP wakker sukses hie mei moasjes oer mear natuerynklusive lânbou en duorsume enerzjy yn Europa. Yn de rubryk 'fan de leden' bepleitet Nynke Beetstra om it FNP-útgongspunt 'fan ûnderen op' mei draachflak net ta te passen as it giet om de feangreide en it Frysk. De belangen fan de 'swakke' partijen by dy ûnderwerpen rjochtfeardigje hurde twingende maatregels neffens har. En Pyt Kramer hat in ynstjoerd stik oer it noflik gebrûk fan it Frysk yn de mienskip ûnder de kop ' Mei-inoar en dochs elk himsels'.

 

 

Lês hjir de Frijbûtser fan juny 2018 

 

 


Oanhingsel(s):
ALG 25 maaie 2018


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling