FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

Diskusjejûn referindum Sleepwet 1 maart It Hearrenfean

De FNP organisearret yn de mande mei de OSF in diskusjejûn oer de sleepwet. Hjirby giet it net sasear om wa’t gelyk hat, mar om it foarmjen fan in eigen oardiel hjiroer.

Op 21 maart o.s. is der in riejaand referindum yn Nederlân. Jo kinne dan oanjaan oft jo foar of tsjin de Wet op de ynljochtingen- en feilichheidstsjinsten 2017 (de sleepwet) binne.

De FNP organisearret yn de mande mei de OSF in diskusjejûn oer de sleepwet. Hjirby giet it net sasear om wa't gelyk hat, mar om it foarmjen fan in eigen oardiel hjiroer.


Sprekkers:
-Arend Jan Boekestijn, âld- twadde keamerlid en foarstanner fan ‘e sleepwet
-Sandra Rottenberg, skriuwster en histoarika (en sus fan âld-PvdA foarsitter Felix) en tsjinstanner fan ‘e sleepwet.

Sy sille de foars en tsjins fan de sleepwet beneame en nei it skoft is der gelegenheid ta it stellen fan fragen en diskusje.

Wannear?
1 maart 2018, seal iepen fan 19:15h ôf
Plak: De Koningshof, Prinsenwei 1, It Hearrenfean

Tagong fergees ynklusyf in kopke kofje/tee en in stikje cake
Oanhingsel(s):
kabels
Utnûging 1 maart 2018 Sleepwet


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling