FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

Riedsferkiezingen 22 novimber 2017

Frijbûtser fan oktober 2017 no online - Doch as FNP'ers manmachtich mei oan de kampanjes foar de riedsferkiezingen op 22 novimber! Dy oprop stiet sintraal yn dizze Frijbûtser. Yn itselde artikel in portret fan de trije listlûkers fan FNP Ljouwert, FNP Waadhoeke en FNP Súdwest.

Op 24 novimber kinne de leden neiprate oer de ferkiezingsútslach op de Algemiene Ledegearkomste. De wurklist en útnûging steane op de foarside fan de Frijbûtser. Yn dit nûmer fierder nijs fan it Partijhûs, de Kaderkommisje en wiidweidich ferslach fan de nijste aksjes fan de FNP Steatefraksje.

 

Fan de ôfdielings: FNP Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel hawwe mei-inoar sukses boekt mei in moasje foar behâld fan de greidefûgels. Symke Nieboer docht entûsjast ferslach fan in nijsgjirrige byienkomst fan de EFA-Youth yn Valencia. En ta beslút jout Wijbe Postma fan Eastermar ûnder de kop 'gearkomsten' in aardich oersjoch fan syn FNP-karriêre. Hy docht dat yn de nije rubryk 'De leden oan it wurd'.

 

 

Taheakke:

Frijbûtser 454 oktober 2017  


Oanhingsel(s):
Kampanjekarre Waadhoeke


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling