FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

Frijbûtser fan septimber 2017 no online

'Freonen, wy moatte allegearre mei-inoar oan ’e bak!' Dat sei fraksjefoarsitter Corlienke de Jong by de start fan it politike seizoen op 1 septimber yn Wommels. Lês mear oer dizze aktiviteit yn de nije Frijbûtser.

Yn dizze ôflevering docht de Steatefraksje ferslach fan de lêste politike aktiviteiten yn it simmerskoft. De FNP ôfdieling Waadhoeke hat de list en it program fêststeld foar de riedsferkiezings yn novimber: 'Wy wolle ferbine'. En de FNP ôfdieling Súdwest hâldt op 26 septimber in temajûn oer Lânbou.

 

Bertus Jans Postma komt op'e tekst yn de nije rubryk 'De leden oan it wurd'. Biedwurd fan syn persoanlike ferhaal: 'It Fryske, it iene, it frije - Beweger yn de polityk'. De Kaderkommisje hat in nijsgjirrige jûn op it Provinsjehûs op 6 novimber foar alle nije en oare FNP-leden. De wurkgroep 'Nij perspektyf foar Fryslân' is úteinsetten, en jo kinne fergees meidwaan oan in kursus Frysk skriuwen. It Haadbestjoer betellet.

 

It docht bliken dat de FNP de twadde aktive partij fan Fryslân is op Twitter, fergelike mei de oare provinsjale fraksjes, en de groei sit ek yn ús aktiviteiten op Facebook. Jo wurde útnûge foar de Betinking fan de Slach by Warns op 23 septimber. Ta beslút, ús bûnsmaten fan de Europeeske Frije Alliânsje, partij yn it Europeeske parlemint, hawwe in nijsgjirrich fotoboek útbrocht mei politike posters, ek fan de FNP. Te bestellen fia de EFA.

 

 

Taheakke:

Frijbûtser 453 septimber 2017

 

 


Oanhingsel(s):
HB en fraksje


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling