FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

Sulveren Fyts foar Wielerferiening Otto Ebbens

In foarbyld foar oaren yn it brûken fan de fyts

Grutsk op toptalinten 

 

De Fryske fytspriis "De Sulveren Fyts" is dit jier takend wurden oan WV Otto Ebbens . Foarsitter Jan Dupon naam de priis, besteande út in sulveren fytske en oarkonde, yn ûntfangst fan wethâlder Emke Peterson (gem. Dantumadiel) by de nijjiersgearsit fan de FNP.

De Sulveren Fyts komt jierliks ta oan in persoan of organisaasje dy't in foarbyld is foar oaren yn it brûken fan de fyts en/of dy't him ynset foar de belangen fan fytsers.

Wethâlder Peterson: "De Sulveren Fyts is gjin sportprestaasje priis. Mar fansels binne we yn Noard East Fryslân wol tige grutsk op de toptalinten dy't by de hurdfytsferiening WV Otto Ebbens fytse of fytst hawwe. It is fantastysk dat it bestjoer, frijwilligers en meiwurkers fan de feriening der sa'n soad oan dogge om de fytssport libjend te hâlden. En dêrmei is de feriening fansels in wichtich foarbyld yn it brûken fan de fyts, meinammen ek foar de jongerein!"    


Oanhingsel(s):
Sulveren fyts 2017


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling