FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

Frijbûtser desimber no online

Nijjiersgearsit 7 jannewaris 2017 Old Dutch yn De Westereen

'It Frysk stiet der tige faai foar'. Dêr giet de kollum fan partijfoarsitter Ultsje Hosper oer. Fierder hat Nynke Beetstra yn dizze Frijbûtser in stik oer in besibbe ûnderwerp mei as titel 'Fiif foar tolven foar it Frysk'. De Nijjiersgearsit fan de FNP is op 7 jannewaris 2017 by sealesinstrum Old Dutch yn De Westereen. Neiere ynformaasje oer it krekte program folget noch.

 

Yn dit nûmer fierder it ferslach fan de lêste Ledegearkomste, meidielings oer it al dan net meidwaan oan de Twadde Keamerferkiezings fan de OSF en de FNP en in stik oer it grûnbûne en biologysk buorkjen en it fosfaatakkoart. De Steatefraksje docht ferslach fan ferskate resinte aktiviteiten, en der binne artikels oer in slagge FNP wurkbesite yn Frjentsjerteradiel en oer de weryndieling om de gemeente Ljouwert hinne.

 

Taheakke:

Frijbûtser 448 desimber 2016 


Oanhingsel(s):
Keatsmuseum


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling