FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

Frijbûtser fan april no online

Motivaasje en enerzjy út it EFA-kongres 2016

Utnûgingen foar Algemiene Ledegearkomsten op 10 en 27 maaie. Dêr begjint dizze Frijbûtser mei. Fierder in wiidweidich ferslach fan de gearkomste fan it Haadbestjoer mei de ôfdielingsbestjoeren op 23 maart. It nije HB-lid Hylke Heidstra stelt him foar en Ultsje Hosper reagearret op de krityk op syn kollum oer it referindum. De Steatefraksje docht ferslach fan aktiviteiten fan de FNP yn de Steaten.

 

De ôfdieling Súdwest-Fryslân kin tefreden werom sjen op in tige drok besochte temajûn oer de takomst fan de soarch. Fansels yn dizze ôflevering ek it ferslach fan de FNP op it EFA-kongres fan Europeeske regionale partijen, dit jier op Korsika. Doel is om yn 2017 as FNP in grut kongres oer enerzjy op te setten. Henk de Vries hat it oer de motivaasje foar dizze konferinsje. Corlienke de Jong skriuwt ta beslút oer de enerzjy dy't jo as dielnimmer oan sa'n EFA-kongres opdogge troch it oparbeidzjen mei oare regionale partijen.

 

Klik hjir fierder nei de nijste Frijbûtser  


Oanhingsel(s):
EFA kongres 2016 Corsica


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling