FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

Tytsy en Douwe Willemsma te gast by In Bosk fan Minsken fan Tryater

Gerben Gerbrandy petearlieder

Op woansdei 20 jannewaris om 20:00 oere sil FNP-politikus en boargemaster fan Achtkarspelen Gerben Gerbrandy yn Tryater's In Bosk fan Minsken yn kafee De Terp yn Hantum yn petear mei heit Douwe en dochter Tytsy Willemsma, beide aktyf yn de polityk (FNP).  Kinst wol kieze foar dyn eigen partij, of is politike foarkar famyljerelatearre? Hoe sjogge Tytsy en Douwe nei Fryslân en de wrâld bûten Fryslân? Wurdt op jierdeis allinne mar praat oer de polityk?

 

Tryater ferbynt famyljeferhalen yn it projekt In Bosk fan Minsken. In ûntdekkingsreis nei de oerienkomsten en ferskillen yn fertellingen fan famyljes. Ferhalen om yn te ferdwalen. Dy ferhalen ferdjipje we mei keunst. Mei in ferhalewebside, ynspiraasjejûnen, ateliers en in ynstallaasje.

 

In ynspiraasjejûn fan Tryater's In Bosk fan Minsken liket faaks noch wol it meast op in miks fan Zomergasten en Collegetour. It binne frisse, ynspirearre en yntime jûnen dêr't it publyk traktearre wurdt op in bysûnder petear mei markante Friezen. Oer famylje, omjouwing en harren plak yn de wrâld.


Kaartsjes kostje €5,- en binne te keap fia inboskfanminsken.nl/agenda, 058-2539550 of oan ‘e doar.


Oanhingsel(s):
Tytsy Willemsma


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling