FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

Partijfoarsitter: FNP fernije en ferbreedzje

Nijjierstaspraken Ultsje Hosper en Corlienke de Jong

Taspraken 2 jannewaris no online 

 

'It is tiid foar fernijing, ferdjipping en ferbreding fan de FNP. De FNP soe har ûntjaan moatte ta in brede folkspartij foar alle Friezen; dan krije wy ek in breder kader. Dêrta moatte wy in koers útsette dy't rjocht docht oan de hjoeddeiske útgongspunten fan de partij mar ek iepen stiet foar nije ynsichten. Wy moatte ús hjirby net allinnich rjochtsje op Fryske saken mar ús ek oer lanlike ûnderwerpen in miening foarmje.'  Dat sei partijfoarsitter Ultsje Hosper yn syn taspraak op de Nijjiersgearsit fan de FNP op 2 jannewaris yn Surhústerfean.

 

Fraksjefoarsitter Corlienke de Jong fan de Steatefraksje stelde yn oansluting hjirop: 'Feroarje de wrâld en begjin by dysels. De FNP soe mear nei bûten komme kinne, mear temajûnen oer wichtige ûnderwerpen opsette kinne, mar ek mear de boer op. Lit je sjen as partij, as politisy sawol lokaal as provinsjaal. Praat mei de Friezen. In moaie útdaging foar foar 2016: polityk werom nei de wurkflier en sa it betrouwen werom te krijen fan ús ynwenners.. Betrouwen yn de polityk.. Dé start foar it fersterkjen fan lokaal bestjoer..'


Oanhingsel(s):
Taspraak Ultsje Hosper 2 jan 2016
Taspraak Corlienke de Jong 2 jan 2016
Ultsje Hosper


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling