FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

Frijbûtser oktober no online

FNP Ledegearkomste 20 novimber 2015

Twahûndert jier Steate-Generaal. Dat liket op weromsjen, mar Ultsje Hosper sjocht yn syn haadartikel benammen foarút nei kommende ferkiezings. Yn de nije Frijbûtser fierder de útnûging foar de Algemiene Ledegearkomste fan 20 novimber 2015. Op de klustergearkomsten is it kontakt tusken de FNP-ôfdielings, HB en Steatefraksje fersterke. Eddie de Vries stelt him foar as nij lid fan it Haadbestjoer.

 

De aktive FNP-politisi en bestjoerders hawwe in slagge jûn hân oer de flechtlingeproblematyk. De partij wurket romhertich en solidêr mei oan de needopfang mar freget each foar de Fryske aard en skaal. De Steatefraksje pleitet yn in wiidweidich artikel foar in selsstannige organisaasje foar Omrop Fryslân yn it nije mediabestel. Sybren Posthumus docht ferslach fan in wittenskiplik ûndersyk oer mear sizzenskip foar de regio. Fierder ek de resultaten fan it ûndersyk nei it FNP-inisjatyf fan it Taaltaske.

 

De Kaderkommisje hâldt op 5 novimber in ynfojûn oer it Taalweb as helpmiddel by it Frysk skriuwen. De Wetterskipsfraksje fan de FNP krige wurdearring foar harren deeglike Algemiene Skôgings yn it Algemien Bestjoer. De Frijbûtserredaksje is fersterke mei Harry van Borkulo. Fan de ôfdielingen ditkear in ferslach fan in slagge biningsaktiviteit fan de FNP Ljouwert. Mei dizze aktiviteit set it ôfdielingsbestjoer stappen nei de folgjende grutte weryndieling fan ús gemeenten per 2018. Fan Nynke Beetstra ta beslút in ynstjoerd stik foar it behâld fan de regionale spoarlinen yn Fryslân.

 

 

Klik hjir nei Frijbûtser 440 fan oktober 2015


Oanhingsel(s):
FNP Ljouwert


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling