FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

Frijbûtser fan juny no online

Weromsjen op suksesfol ferkiezingsjier

Mei oertsjûging de takomst yn. Under dy kop sjocht partijfoarsitter Ultsje Hosper werom op in suksesfol ferkiezingsjier foar de FNP. Yn dizze Frijbûtser it folsleine Jierferslach 2014 dat yn de Algemiene Ledegearkomste fan 29 maaie fêststeld is. Skriuwster Aeltsje de Groot docht ferslach fan dizze ALG. De partij is ek tige bliid dat Hindrik ten Hoeve werom is yn de Earste Keamer foar de OSF.

 

Fierder artikels mei nijs fan de Steatefraksje. Johannes Kramer is beëdige as deputearre foar de FNP yn it nije Kolleezje fan Deputearre Steaten. In ferskaat oan oare ûnderwerpen: steatefragen oer de driigjende sluting fan de trijetalige skoalle yn Boksum, provinsjale mailadressen oer op  *.frl en de oanpassings fan de Fryske stavering. Oebele Vries hâldt op 25 juny in nijsgjirrige lêzing op it Provinsjehûs oer it ûntstean fan de Fryske Steaten. Ta beslút meldt de redaksje dat Nynke Beetstra nei mar leafst 14 jier fertsjinsten foar de Frijbûtser no ôfskied nimt fan de redaksje; Nynke tige tank út namme fan de partij !

 

Klik hjir fierder nei de Frijbûtser fan juny


Oanhingsel(s):
Provinsjehus


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling