FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

Leden FNP stypje selsstannige Omrop

Resolúsje yn ALG 29 maaie 2015

Op dizze AL lêst Ultsje Hosper in resolúsje foar út namme fan it HB. Dizze resolúsje is in opdracht oan deputearre Steaten en de fraksjes om der foar te soargjen, dat Omrop Fryslân har selsstannigens behâlde kin. De AL giet akkoart mei dizze resolúsje:

 

"De leden fan de FNP, yn gearkomst byien yn it ‘swiid ferneamde' Duhoux yn Wurdum, sprekke harren út foar it behâld fan ús selsstannige, Frysktalige, Omrop Fryslân yn ús haadstêd Ljouwert. De leden fan de FNP drage harren fertsjinwurdigers yn de Steaten op de Koalysje-partners oan te sprekken op it krekt ôfslúten Koalysje-akkoart en as ien Frysk blok op te lûken om de oankundige fúzje yn in kluster Noord te kearen".

 
ALG 29 maaie 2015 IMG 1340 
 

Neffens de yntekenlist binne der 80 leden oanwêzich op dizze gearkomste. Dizze wurde wolkom hjitten troch foarsitter Ultsje Hosper. Hy neamt de gearkomste "feestelik". It is de FNP slagge om nei de ferkiezings foar de twadde kear yn it kolleezje te kommen. En yn it nije kolleezjeprogram steane in grut tal FNP punten.

 

De Wetterskipsferkiezings wiene foar de FNP ek in sukses. Der FNP einige as tredde partij. Spitich genôch is it net slagge om yn it DB te kommen.
Wol goed útpakt is de ferkiezing fan Hendrik ten Hoeve as OSF senator yn de Earste Keamer. Dit kear hat de OSF op eigen krêft in romme sit helle.

 

Der kinne op dizze AL hiel wat presintsjes útdield wurde as betankje foar jierren krewearjen foar de FNP. Yn it earste plak binne der wurden fan tank foar de skiedende Steateleden Annigje Toering, Anna Martha van der Mei en Auke Bijlsma. Ek de Wetterskipsleden Lolke Folkertsma en Wopke Veenstra wurde betanke foar it wurk dat se foar en út namme fan de FNP dien ha.

 

Sûnder kampanjelieder gjin kampanje, dus ek wurdearring foar it wurk fan Ate Eijer. Foarsitter fan de OSF Jabik van der Bij wurdt ek net fergetten. Mei troch syn krewearjen is der sa'n goed resultaat boekt foar de OSF.

 

Spesjale oandacht is der foar ponghâlder Gerrit Idsardi. Nei acht jier nimt er ôfskied fan it HB. Acht jier hat er de finânsjes beheard, en hy kin de saak oerdwaan mei in prachtich posityf resultaat. In goede ponghâlder, dy't goed mei minsken omgean kin, sa typearde Ultsje Hosper Gerrit. Wy sille him misse yn it bestjoer.

 

Lokkich binne der twa nije minsken ree fûn om sitting te nimmen yn it bestjoer. Neist de fakatuere dy't ûntstien is troch it ôfskie fan Gerrit, hat it HB noch twa fakatueres. Eddie de Vries fan Drachten en Jan Lammers út Surhústerfean wurde troch de AL beneamd as nije HB-leden. Op de AL fan kommende hjerst hopet it HB wer kompleet te wurden.

 

Fansels komme op dizze AL ferskillende stikken foarby, sa as it jierferslach fan de skriuwer en it finansjele ferslach en it ferslach fan de kaskommisje. Dit levert gjin swierrichheden op. Dat 2014 in jier wie mei in hiele protte aktiviteiten en emoasjes, lit it jierferslach fan de skriuwer sjen.

 

De ponghâlder kin posityf ôfslute, wer't ynearsten negatyf begrutte wie.

 

Nei it skoft binne der bydragen fan Johannes Kramer as listlûker fan de Steatefraksje, Sake van der Meer as listlûker fan de Wetterskipsfraksje en Hendrik ten Hoeve as listlûker foar de OSF yn de Earste Keamer.

 

Foaral foar Johannes binne der noch wol wat fragen. Sa as oer de takomst fan Omrop Fryslân, it net mear ferlienen fan subsydzje oan Tumba en de Kulturele Haadstêd.

 

Sake van der Meer is fansels tige bliid mei de goede ferkiezingsútslach foar it Wetterskip. De FNP hie goede hoop om yn it DB te kommen, en it hat der ek wol even op like, dat dit barre soe. Uteinlik is dochs keazen foar de CU. Spitich, mar men giet mei in goed gefoel oan de slach.

 

Hendrik ten Hoeve fertelt hoe as it ferrûn is mei de OSF. Troch it bestjoer, en dan mei namme troch Jabik van der Bij en Walter Lennarts is der in hiele protte dien om stimmen binnen te heljen. Dat úteinlik Brabân har oansletten hat by de OSF is fan grut belang west. In heal jier lyn hie de OSF it gefoel, dat it wolris dreech wurde koe, no is der gewoan in rojale sit binnen helle. De OSF wurdt seker gjin gedoochpartij, kin Hendrik de FNP-leden fersekerje.

 

Net op de wurklist, mar fansels wol oan de oarder: it omfreegjen. U.o. Fryske plaknammen (of leaver sein: it net brûken dêrfan) en de lânbou komme noch foarby.

 

It is goed alve oere as foarsitter Ultsje Hosper dizze Algemiene Ledegearkomste slute kin.

 

Aeltsje de Groot-Zantema


Oanhingsel(s):
ALG_29_maaie_2015__IMG_1340.JPG


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling