FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

Aksje tsjin nepaccount op Facebook

FNP tinkt oan juridyske stappen

Op Facebook sirkulearje saneamde nepaccounts dy't suggerearje dat se fan de FNP binne. Op dizze siden wurdt sûnder tastimming gebrûk makke fan FNP foto's, logo's en teksten. De accounts ferwize foaral nei populêre Facebook siden, bygelyks nei dy fan De Hûnekop.  De FNP hat neat te krijen mei aksjes op Facebook wêrby't in nepaccount brûkt wurdt. De FNP tinkt der oer om juridyske stappen te ûndernimmen.

Yn ien fan de nepaccounts wurdt in Linda de Vries nij foaren skood. It docht bliken dat dizze frou net bestiet mar dat de persoan efter dit nepaccount plaatsjes knipt en plakt en him profilearret as soe hy fan de FNP wêze. De FNP nimt fier ôfstân fan dizze aksjes. De partij makket allinnich gebrûk fan de eigen sosjale media op twitter, @fnpfryslân en de Facebookside ‘FNP Fryske Nasjonale Partij' en/of de siden fan de gemeentlike FNP ôfdielingen.


-----------------------------------------------------------------------------------------------------------------

Foar mear ynformaasje nei oanlieding fan dit parseberjocht kinne jo kontakt opnimme mei

Ate Eijer, FNP kampanjelieder, telefoan 06-5224 9855.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling