FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

Ynvestearje yn de Mienskip, mei de Mienskip !

Taspraken Johannes Kramer en Ultsje Hosper by kampanjestart

FNP poster 2015 Johannes Minder Den Haag Mear Fryslan   

Johannes Kramer is kritysk op de ‘Haachske polityk' yn syn ôftraap foar de kommende steateferkiezings. De skaalfergrutting, merkwurking en de managerskultuer hawwe de minsken te folle op ôfstân set. Dat docht bliken út de gong fan saken mei de Sionsberg en de wentebou- koöperaasjes. Neffens de FNP moat it foech oer de sikehuzen, de soarchynstellings en sosjale wentebou werom nei de regio. Kramer die syn útspraken op 3 jannewaris by de nijjiersgearsit fan de FNP yn Ljouwert. 

 

Reaksje? Mail johannes.kramer@fnp.frl 

FNP listlûker Johannes Kramer wol it betrouwen fan de minsken yn de polityk werom bringe troch de kommende steateperioade 20 miljoen per regio te ynvestearjen yn Fryslân. ‘Foar eltse regio jild en mooglikheden om sels te kiezen wêr't it meast ferlet fan is. Minder burokrasy en managers, mear romte en frijheid. Sa moat der wat dien wurde tsjin de negative effekten fan trochsketten Haachske regelsucht en besunigingen.'

 

Neffens Kramer hawwe de twongen skaalfergrutting en merkwurking it folk de sizzenskip oer wichtige foarsjenningen ûntfytmanne en de minsken op ôfstân set. Troch it foech nei de regio te bringen, de macht fan de soarchfersekerders te beheinen en fan ûnderen op sels te ynvestearjen wol de FNP saken ferbetterje. De FNP wol nei de ferkiezings fan maart 2015  wer meibestjoere om solidariteit, soarch foar de mienskip en earlik dielen te befoarderjen troch in sterke provinsje Fryslân.


Oanhingsel(s):
Taspraak Johannes Kramer nijjiersgearsit FNP 3 jan 2015
Taspraak Ultsje Hosper nijjiersgearsit FNP 3 jan 2015


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling