FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

Sikehûssoarch moat bliuwe yn Fryslân !

Haachske plannen komme net oerien mei Fryske werklikheid

Sionsberg FNP minder Den Haag mear soarch     

'Haachske plannen komme net oerien mei de Fryske werklikheid'. Dat wie de konklúzje fan de FNP wurkbesite 20 desimber oan it bedrige sikehûs de Sionsberg yn Dokkum. In delegaasje fan 20 FNP'ers mei ûnder oaren de wethâlder en riedsleden út Noardeast Fryslân, FNP steateleden en deputearre Johannes Kramer praten mei de inisjatyfnimmers foar in trochstart fan de Sionsberg.

 

 

 

Listlûker Johannes Kramer stelde dat Noardeast Fryslân dizze wichtige foarsjenning net misse kin. Fansels foar de pasjinten, mar ek foar it behâld fan de wurkgelegenheid en it imago fan in regio dêr ‘t it goed wenjen en wurkjen is. En it giet dan net inkeld om Noardeast Fryslân, ek oare streeksikehuzen yn Fryslân binne net sûnder mear wis fan har fuortbestean yn de takomst. It behâld fan foldwaande beskikbere en berikbere soarch foar elke ynwenner fan Fryslân is foar de FNP ek in wichtich spearpunt yn de ferkiezingskampanje. De provinsje moat finansjeel bydrage om it behâld fan de sikehûsfersjennings mooglik te meitsjen, foar de regio Noardeast Fryslân en ek foar oare krimpgebieten dy't aanst mooglik foar itselde probleem komme. 

 

De FNP sjocht yn de kwestje mei de Sionsberg in foarbyld fan it feit dat Haachske plannen net oerienkomme mei de Fryske werklikheid. De merkwurking en de managers fan de fersekerders  slane foar master op, wylst it útgongspunt no krekt wêze moat dat der foldwaande beskikbere en berikbere soarch is. De ôfrûne wike hat sjen litten dat polityk Den Haag it politike spul wichtiger fynt as it belang fan de boargers. Den Haag  mei VVD Minister Schippers foarop hat de ynwenners fan Noard East Fryslân yn 'e kjeld stean litten. 

 

 

Minder Haachske Managers - Mear Soarch !
 
2014 12 20 FNP De Sionsberg 
 

Op de foto:

Peter Fahner, vice foarsitter fan de medyske stêf fan de Sionsberg

fertelt de FNP wêr't se yn Dokkum mei dwaande binne. Neist Fahner

listlûker Johannes Kramer. Tredde fan rjochts Klaas Fokkinga (kandidaat-

steatelid) en sânde fan rjochts Corlienke de Jong, de nûmer 2 op de list

fan de FNP foar de steateferkiezings yn maart 2015.

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling