FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

Frijbûtser fan desimber no online

Nijjiersgearsit FNP 3 jannewaris Post Plaza Ljouwert

Post Plaza by nacht   

De FNP nijjiersgearsit op 3 jannewaris is yn Hotel Post Plaza, rjocht foar it Provinsjehûs oer yn Ljouwert. De útnoeging en it folsleine program steane foar op de nije Frijbûtser. Yn dizze edysje fierder in skôging fan de partijfoarsitter oer de oanrin nei de ferkiezings 2015 en in ferslach fan de tige drok besochte novimbergearkomsten fan de FNP. De definitive kandidatelist foar de Steateferkiezings is fêststeld; dizze is yn de Frijbûtser opnommen.

 

De Steatefraksje kin weromsjen op in tal suksesfolle moasjes yn PS en der wurdt berjocht dien fan de wikseling fan de wacht yn de fraksje. Anna Martha van der Mei nimt it plak fan Jan Visser oer. Yde Dijkstra skôget de (positive) gefolgen fan de nije Wet Gebrûk Fryske taal by de provinsje. Oer dizze wet is foar de FNP politisi in spesjale temajûn op 26 jannewaris. Cees van der Meulen hat in ynstjoerd stik oer de posysje fan it Frysk oan de RUG. Ta beslút it berjocht dat de FNP by de earste 100 websiden mei de .frl ekstinsje online is !

 

Ultsje Hosper, partijfoarsitter 

Reaksje? Mail ultsje.hosper@fnp.frl

 

 

Klik hjir fierder nei de nije Frijbûtser



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling