FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

FNP by earste 100 websiden mei .frl online

Resultaat FNP inisjatyf koalysjeakkoart 2011

FRL ekstensie 2   

De FNP is sûnt 2 desimber 2014 live gien op ynternet mei de nije domeinekstinsje .frl. De FNP is ien fan de hûndert pioniers dy't har de kommende tiid sjen litte sille op de twadde domeinekstinsje fan Nederlân. It kommen fan . frl stelt de pioniers by steat om oan de wrâld te toanen wêr't Fryslân foar stiet.

 

 

In greep út de pioniers dy't ynkoarten live geane of krekt gien binne mei de nije Fryske domeinekstinsje binne: de provinsje Fryslân.frl, pietpaulusma.frl foar waarman Piet Paulusma, boomsma.frl fan de bekende Beerenburg, weidenaar.frl út namme fan Weidenaar Worst B.V. en Peugeot-dealer Hylkema & Haaima mei hylkemahaaima.frl. It oersjoch fan de pioniers en mear ynformaasje oer de yntroduksje is beskikber op E www.registreer.frl.

 

De yntroduksje fan .frl bart yn fazen. Op dizze wize kin der foar soarge wurde dat (Fryske) merken, oerheden, bedriuwen en ynwenners mei foarrang harren domeinnamme besette kinne, foardat de faze fan algemiene beskikberens yngiet.

 

De yntroduksje sjocht der sa út:

Lykas sein: op 2 desimber is de FNP krekt as de provinsje Fryslân live gien. Tal fan pioniers - bedriuwen en oare organisaasjes - sille yn de wiken dêrnei folgje. Yn jannewaris is der in foarrangsperioade foar merken en (Fryske) oerheden. Op 2 febrewaris 2015 om 14:00 set dan de foarrangsperioade foar it brede publyk útein. Eltsenien krijt de kâns om him of har oan te melden foar it winske domein. Fryske bedriuwen en Fryske ynwenners hawwe in streekje foar yn dizze perioade. Op 2 april rint de foarrangsperioade ôf en fynt de takenning fan de oanfrege domeinen plak. Fan 14 april ôf set dan de faze fan algemiene beskikberens útein.

 

Ek gading meitsje foar in .frl domein? Oanmelde kin fia www.nic.frl.

 

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling